Hemminga Feankompanjy

De Hemminga Feankompanjy wie in kompanjy (of kompenije) foar de ferfeanting yn de gemeente Smellingerlân yn de 17e en 18e iuw.

Lokaasje fan de Hemminga Feankompanjy, op de kaart oantsjut as 'Hemminga Turfgraverij', yn de Schotanusatlas fan 1718

De kompanjy waard yn 1668 oprjochte troch Ayso fan Hemminga, mei Aulus fan Haersma, grytman fan Smellingerlân, Lambert Erryts, bysitter fan Smellingerlân, en Focke Fockens Eringa, sekretaris fan Smellingerlân. Sadwaande wie de ûndernimming fersekere fan foldwaande politike stipe en jildmiddels.

Om te begjinnen waard lân oankocht foar 8.108 karolusgûnen en 18 stuorren. Dêr hearde ek in feart mei dwerssleatten, brêgen en slûzen, in wettermûne en diken by. Twa wynmûnen wiene foar de helte eigendom fan de kompanjy en de oare helte wie fan de eigeners fan it oaswettende lân.

By de brêgen moasten turfskippers toljild jaan. Foar eltse lading turf moasten twa stuorren betelle wurde. Dêrby moat opmurken wurde dat de kompanjy it feanlân net sels oanmakke, mar dat ferpachte oan feanbazen dy't de eigentlike feanterij oanstjoerden. Dat opbringst fan de kompnanjy bestie benammen út pacht- en toljild.

Fia houliken mei de dochters fan Ayso van Hemminga kamen de famyljes Lycklama à Nijeholt en Van Boelens yn de kompanjy, wylst Eringa en Lambert Erryts út de kompanjy weigiene. Benammen Ayzo van Boelens hat as pakesizzer fan Ayso van Hemminga yn lettere jierren in liedende rol spile.

Om 1730 hinne wiene de feanen fan de kompenije foar it grutste part ûntgûn. Ayzo van Boelens hat doe mei Livius van Haersma, oerpakesizzer fan boppeneamde Aulus van Haersma, de Compagnie van de Blauwbrugstervaart oprjochte.

Literatuer bewurkje seksje

  • W. Visscher, Verveningen en verveners in Friesland. Ljouwert: Wijdemeer, s. 231-235, 2015