Hendrik Jacobus Jut (De Haach, 19 july 1851Ljouwert, 12 juny 1878) wie in kelner út De Haach waans holle (de kop-fan-jut) sprekwurdlik waard troch in dûbele moard dy 't hy die op 13 desimber 1872.

Hendrik Jut

Jut waard berne yn De Haach as bûtenechtlik bern fan Maria Geertruida Jut. Neidat er fanwege 'lichemsbeheindens' út militêre tsjinst ûntslein wie, wurke hy om 1870 hinne yn Scheveningen as kelner. Dêr krige hy in relaasje mei Christina Goedvolk (1847-1926), dy't as net-troude mem yn Delft al twa jong ferstoarne bern hân hie. Hja wurke yn 1872 koarte tiid as tsjinstfaam by de rike widdo Maximiliana Theodora van der Kouwen-ten Cate, dy 't yn 1862 in seisde fan har fermogen fan har suster Geertruida Löschen-Ten Cate (earder widdo fan de tige begoedige reder Jan Bonn urven hie mei in wearde fanƒ 39.771,20½. [1] Dit fertsjintwurdige yn 2009 ûngefear € 356.900.[2]

Christina waard yn 1872 swier fan Jut en it pear krige jildproblemen omdat hy sûnder wurk rekke wie. Se tochten oan de rike widdo, dy 't de gewoante hie om oan in soad minsken, ek har tsjinstfaam, iepentlik har jewielen en oare besittings sjen te litten en besleaten om har te berôvjen. Jut liende fan syn mem tsien gûne om twa pistoalen en in dolk oan te skaffen. It soe wêze op sinteklaaasjûn, mar omdat de nije tsjinstfaam Leentje Beeloo kweatinkend ike, gie it net troch. Op 13 desimber 1872 sette hy fannijs mei Christina op it hûs ta fan Van der Kouwen oan de Haachske Bogt fan Guinea.[3] Wylst Christina op de boppeferdjipping de widdo ôflate stuts hy earst Leentje Beeloo dea. Dêrnei rôp hy de âlde dame om nei ûnderen ta te kommen mei de wurden "Frou, Leentsje is fan harsels fallen" en makke har ek dea, neidat it har earst noch slagge wie om him te ferwûnjen. Jut en Goedvolk naaiden út mei kostberheden, effekten en jild.

Dagenlang wie De Haach yn top en takel. In fertochte waard arrestearre en de folkslilkens rjochte him op dy fertochte. Hy besocht him yn syn sel op te hingjen. Dêrnei waarden noch twa persoanen oppakt, mar ein 1873 moast de plysje harren alle trije gean litte.

Jut en Goedvolk boasken op 19 febrewaris 1873. Se giene nei New York, ferkochten de sieraden foar 320 dollar en fersulveren de effekten foar mear as tsientûzen dollar. Se kamen al nei twa moanne werom nei Nederlân en setten har ta wenjen yn Vught, dêr 't op 2 july 1873 harren dochter Angelica Arabella Cassandra Christina berne waard. It pear hie lykwols gjin rêst. Yn februari 1874 setten de Juts ôf nei Súd-Afrika mar yn de hjerst fan dat jier kamen se fannijs werom nei Nederlân.[4] Se fêstigen harren yn Rotterdam, dêr 't Hendrik in kofjehûs kocht. Hja krigen op 7 april 1875 in twadde dochter dy 't mar ien dei libbe hat.

Yn dyselde moanne prate Jut syn mûle foarby tsjin in Jan Roelfs, dy 't him ôffrege hie hoe't it kaam dat hy sa ryk wie. Al rillegau waarden Jut en syn frou arrestearre. By hûssiking waard as ûnûntstriidber bewiis in brief fûn dy 't de fermoarde widdo bewarre hie fan har man silger. De publike oandacht wie ôfgryslik en Jut waard yn de kranten presintearre as de grutste, meast trochtrape moardner út de skiednis. Yn alle Haachske etalaazjes wiene de portretten fan de "meunsterlike dieders" te sjen en yn de boekhannels wiene ferskate brosjueres oer de saak te krijen. De dûbele rôfmoard luts net allinnich oandacht troch de grouwéligens derfan, mar ek troch it gefoel fan ûnfeilichheid dy 't se feroarsake: it hie 2½ jier duorre eardat de dieder fûn wie.

Feroardieling

bewurkje seksje

De útspraak yn it moardproses wie op 6 maaie 1876. Jut waard bystien troch de abbekaat Pieter Cort van der Linden, de lettere minister-presidint. Hendrik Jut krige libbenslang foar dûbele moard. In soad minsken fûnen dat net genôch. Sy woenen foar Jut de deastraf, mar dy wie yn 1870 ôfskaft. Ut eangst foar in folksgerjocht waard hy oerbrocht nei de straffinzenis fan Ljouwert, dêr 't hy twa jier letter op 26-jierrige leeftyd ferstoar.

Christina waard fanwege dieverij feroardiele ta tolve jier tichthûs. Hja kaam yn 1888 frij, mar waard yn 1890 opnij ta twa jjier sel feroardiele omdat se twa paraplu's en twa stikken sjippe stellen hie. Hja fêstige har yn 1892 yn Haarlim en wertroude op 4 maart 1896 mei in Dútser, de smid Albert Münnemann. Har dochter krige by Keninklik Beslút jan 14 juny 1898 –hja wie doe 25 jier en al troud mei in sekere Sonneville – ek de namme Münnemann, ynstee fan de beruchte namme Jut.

Neidat Münnemann yn 1907 ferstoar hie Christina it net maklik. Yn guon kranten fan 14 july 1908 ferskynde it ûnwiere berjocht dat hja fermoarde fûn wêze soe yn in folksloazjemint yn Oudewater. [5] Doe 't hja as 70-jierrige 'widdo Munnema' yn oanmerking komme woe foar in Haarlimmer hofkewente waard dy har wegere op grûn fan har liderlike libbenswannel, har ferhâlding mei in 27-jierrige gerniersfeint en drankmisbrûk. Op 17 septimber 1920 krige hja ûnderkommen yn it earmenhûs yn Haarlim.[6] Hja stoar yn 1926 op 79-jierrige leeftyd.

In merkeútbater makke de folkslilkens ta jild troch in attraksje dêr 't minsken mei mokerslaggen harren lilkens op ôfreagerje koene kop-fan-jut te neamen. Dêrtroch ûntstie de útdrukking: 'de kop fan Jut wêze', it belije te moatten, de sûndebok wêze.[7]

 
Gipsen ôfjitsel fan de holle fan Hendrik Jut yn it Universiteitsmuseum fan Grins.

De echte holle fan Jut waard nei syn dea op sterk wetter setten en hat jierrenlang te sjen west yn it anatoamysk museum (it "Kabinet fan Camper") fan de Ryksuniversiteit Grins. De flesse dêr't syn holle yn beware waard wie net goed ôfsluten, dêrtroch ferdampe it konservearmiddel en is de holle ferlern gien. Wat der noch fan oer is, is it gipsen ôffjitsel fan de holle yn it Grinzer Universiteitsmuseum.

De strjitte dêr't de moard bard wie, de Bogt fan Guinea, waard nei dizze affêre op fersyk fan de bewenners yn 1873 omdoopt ta Huijgenspark. Pas op 13 febrewaris 1996 besleaten Boargemaster en Wethâlders fan De Haach om de âlde namme yn eare te werstellen. De 'nije' Bocht fan Guinea[3] leit tusken it Huijgenspark, it Zieken en it Groenewegje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De neilittenskippen fan Geertruida ten Cate en Maarten Christoffel Löschen
  2. Omrekkentabel gûne / euro Wearde fan de gûne en de euro (International Institute of Social History), rieplachte op 19-7-2009.
  3. 3,0 3,1 Bocht van Guinea (Google Maps, rieplachte op 19-7-2009)
  4. "Een beestachtig moordenaar": Hendrik Jut, BHIC.
  5. Tilburgse Courant, 14 july 1908
  6. G.A. Rigter: Christina Goedvolk de vrouw van Jut. Slagharen, 1989.
  7. De merkeattraksje wurdt neist kop-fan-jut ek as holle-fan-jut neamd neffens Van Dale, rieplachte op 19-7-2009.