Hendrik Miedema
Henricus Theodorus Jacobus Miedema (Heusden oan de Maas, 8 juny 1922 - Arnhim, 8 novimber 2008) wie in frisist en sûnt 1966 heechlearaar fanwege de Provinsjale Underwiisrie yn Utert en dêrfoar wurkjend by de Fryske Akademy (sûnt 1955). Hy spesjaliseare him yn nammekunde.
Hy skreau Paedwizers fan de Fryske filology (dissertaasje, 1961) en ferskate artikels yn ûnder oare Taal en tongfal en Nammekunde oer Fryske dialekten en -plaknammen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|