Henri Debehogne
Henri Debehogne (Maillen, 30 desimber 1928 - Ukkel, 6 desimber 2007) wie in Belgysk astronoom dy't syn hiele libben wijd hat oan it ûndersyk fan planetoïden. Hy stie dêrmei yn de fuotleasten fan Sylvain Arend. Yn 1963 kaam er yn tsjinst fan de Keninklike Stjerrewacht. It grutste part fan syn waarnimmings hat er dien út it La Silla Observatorium yn Sily wei.
Debehogne gie yn 1993 mei pinsjoen, mar ek dêrnei die op frijwillige basis mjittings fanút Ukkel. Hy hat sa'n 724 nije planetoïden ûntdutsen (stân desimber 2007).
Debehogne syn ûntdekkingen: hjir te sjen.