Hindrik VIII fan Ingelân

(Trochferwiisd fan Henry VIII of England)

Hindrik VIII (Greenwich, 28 juny 1491Westminster, 28 jannewaris 1547) wie kening fan Ingelân en Ierlân, stamde út it hús Tudor, en wie in soan fan Hindrik VII fan Ingelân. Hindrik stiet bekend as it prototype fan de selsbewuste renêssânse foarst, de ôfskieding fan de Ingelske tsjerke fan de tsjerke fan Rome, syn skrikbewâld en om syn seis froulju.

Hindrik VIII, skilder Hans Holbein de Jonge

Hindrik woe fan Ingelân in sterk lân meitsje dat in grutte rol spylje soe yn de Jeropeeske polityk. Hy wie yntelligint en ynteressearre him foar keunst en wittenskip. Hy waard ek beskôge as leafdeleas, egoïstysk en wreed. Tsjinstribbers, oare helten, of tsjinners dy’t him yn de wei stienen romme hy út de wei.

Prins fan Wales

bewurkje seksje

Hindrik wie de twadde soan fan Hindrik VII en moast kieze foar in karriêre yn it tsjerke. Syn âldere broer Arthur Tudor ferstjert yn 1502 en waard as Prinse of Wales opfolge troch Hindrik. Omdat Hindrik it ferbum mei Spanje opnij besegelje woe troude Hindrik yn 1509, koart nei de dea fan syn heit en flak foar de kroaning, mei de widdo fan syn broer, Catharina van Aragón. Hindrik wie op dat stuit 17 jier.

Bûtenlânsk belied

bewurkje seksje

Hindrik woe fan Ingelân in sterk lân meitsje dat in grutte rol spylje soe yn de Jeropeeske polityk. Troch him yn ferskillende krigen te stoarten putte hy de skatkiste út. Ek syn grutte hofhâlding en syn prachtige toernoaien kosten in slomp jild. Hindriks bûtenlânske belied wie net súksesfol, yn de Jeropeeske striid tusken Habsburgers en Frankryk of tusken de reformaasje en de Roomske tsjerke spile Ingelân hast gjin rol.

Doe't hy âlder waard learde hy it spul fan de diplomasy better. Hy socht oare wegen om syn macht ter fersterkjen. Hy ferhege de belestings, socht gearwurking mei it legerhûs en ferwidere him fan de Roomsk-katolike tsjerke. De mearderheid fan de befolking stipe him, omdat sy der net minder fan waarden. De belêstingferhegingen waarden kompensearre troch in gruttere ekonomyske aktiviteiten en de grutte ynflaasje waard kompensearre troch in gruttere taname fan de bûtenlânske fraach nei Ingelsk guod. Yn 1542 waard Ierlân beset en begûn Hindrik in kriich mei Skotlân. Hy helle in oerwinning by Solway Moss.


Ofskieding fan de tsjerke fan Ingelân

bewurkje seksje

Wichtich yn de regearingsperioade wie de Act of Supremacy, de ôfskieding fan de tsjerke fan Ingelân, Anglikaanske tsjerke fan Rome yn 1534, wêrby't Thomas Cromwell en Thomas Cranmer in foarname rol spilen. Ek wienen hjirfoar persoanlike motiven yn it spul. Hindrik wie oarspronklik tsjin de reformaasje, wêrfoar't hy de titel "Fidei Defensor" (ferdigener fan it leauwe) krige fan Paus Leo X. Doe woe hy it houlik mei syn earste frou, Catharina van Aragón, ûnjildich ferklearje litte, omdat sy him gjin soan skinke koe. Se hie seis dochters krigen wêrfan ien, Maria I fan Ingelân yn libben bleau. Hy frege oan Paus Clemens VII om it houlik neatich te ferklearjen. Mar Paus Clemens VII wie op dat momint finzene fan Karel V fan it Hillige Roomske Ryk. It argumint dat Catharina de widdo wie fan Hindrik syn âldere broer wie al net sterk en wie net rjochtfeardich tsjinoar Catharina, dy’t in tante wie fan Karel V. Clemens woe net om lyk. Doe bruts Hindrik mei Rome. Hy konfiskearre it guod fan de katolike tsjerke en dy fan alle kleasters en kongregaasjes. De opbringsten wienen foar de Ingelske kroan en foar syn neiste meiwurkers. De wearze dy’t in soad Ingelsen hienen fan Rome spile him yn de kaart. De titel ‘Fidei Defensor” rekke hy kwyt, mar dy waard letter troch it Ingelske parlemint wer werom jûn. Dizze titel is noch altyd in titel dy’t it Ingelske staatshaad draacht. Thomas More en John Fisher, biskop fan Rochester wienen de foarnaamste slachtoffers fan it ferset tsjin de nije tsjerklike polityk. Der wie wol wat ferspraat Roomsk-Katolyk ferset mar de katoliken dy’t harren der by delleinen waarden net steurt. De protestanten waarden wol ferfolge.

Seis froulju

bewurkje seksje

Hindrik VIII is ferneamd wurden as man mei in soad froulju. Hy troude seis kear.

 
De seis froulju fan Hindrik VIII

By oare froulju sette Hindrik in basterdsoan oan dy’t net rjochtige wie om syn heit op te folgjen. It wie in grutte winsk om in soan te hawwen dy’t de troan bestige soe. Allinnich sa soe de Tudor-dynasty trochlibje en koene Ingelân nije boargeroarloggen besparre bliuwe lykas de Roasenkriich.

Hindrik VIII wie net allinnich kening fan Ingelân mar ek in komponist. Fan syn hân binne 34 wurken bekend, haadsaaklik ferskes, mar ek ynstrumintale en in trijestimmich motet.