Henryk Wieniawski

Henryk Wieniawski (Lublin, 10 july 1835 - Moskou, 31 maart 1880) wie in Poalsk komponist fan romantyske muzyk en fioelist.

Henryk Wieniawski

Wieniawski wie fan Poalsk-Joadsk komôf. Heit Tobiasz Pietruszka, soan fan in joadske hierknipper, bekearde him ta it katolisisme. Wieniawski's talint foar fioelespyljen waard al ier bekend en al yn 1843 gie er nei it Konservatoarium yn Parys. Nei't er slagge wie, giedie op toernee en joech er in protte resitals. Hy waard faak begelaat troch syn broer Józef, dy't piano spile. Yn 1847 publisearre Wieniawski syn earste wurk, de Grand Caprice Fantastique.

Dêrta útnûge troch Anton Rubinstein ferhuze er nei Sint-Petersburch dêr't er fan 1860 oant 1872 wenne. Dêr ûnderrjochte er in protte fioelestudinten ûnderjocht, wie er dirigint fan it orkest en spile er mei yn it strykkwartet fan it 'Russysk Muzikaal Genoatskap'. Fan 1872 oant 1874 toerde Wieniawski troch de Feriene Steaten mei Rubinstein. Yn 1875 ferfong er Henri Vieuxtemps as dosint fioele oan it konservatoarium fan Brussel.

Yn Brussel rûn Wieniawski's sûnens bot tebek sadat er faak midden yn in konsert ophâlde moast mei spyljen. Hy joech in ôfskiedskonsert yn Odessa yn april 1879. In lyts jier letter stoar er oan in hertoanfal yn Moskou. Syn lichem waard byset op it begraafplak Powązki yn Warschau.

Publisearre wurk

bewurkje seksje
  • Xavier Jon Puslowski: Wieniawski and the hard-earned years. Yn: Ders.: Franz Liszt, his circle, and his elusive oratorio. Rowman & Littlefield, Lanham, Md. 2014, ISBN 978-1-4422-3802-2, s. 137–146.
 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Henryk Wieniawski