Heraut
In heraut of folút Heraut fan Wapens wie yn de Europeeske midsiuwen in funksjonaris dy't, klaaid yn in tabbert, in gewaad fersierd mei it wapen fan syn master tsjinstdie as boadskipper en seremoanjemaster.
Herauten wienen ûnskeinber en waarden troch harren hear as boadskipprs brûkt. De kennis fan de heraldyk dy't de herauten by it organisearjen fan toernoaien opdienen makke harren ta de autoriteiten op it mêd fan heraldyk en etikette.
Ek no noch binne der herauten yn funksje. Yn Ingelân en Skotlân trede se op by grutte plechtigheden en binne se belutsen by it ûntwerpen en takennen fan wapenskylden. Hjirby joegen se wapenbrieven ôf. Herauten waarden bystien troch harren learlingen, ek bekend as persevanten (fan it Frânsk "poursuivant"). By de ynhuldiging fan keninginne Beatrix yn 1980 wienen der noch herauten yn tsjinst dy't de ynhuldiging fan de foarstinne symboalysk ferkundigen oan it folk op de Daam. Se droegen by dy gelegenheid noch wol in herautestêf, mar gjin herauterok of tabbert mear.