Herbert Smith (fleanmasineûntwerper)
Herbert Smith (Bradley (Noard-Yorkshire) 1 maaie 1889 – 1977) wie in Britsk fleanmasineûntwerper.
Doe't er jong wie gie er nei de Keighley Boys Grammar School yn West-Yorkshire. Dêrnei studearre Smith oan it Bradford Technical College, dêr't er yn 1907 ôfstudearre as wurktúchboukundich yngenieur.
Smith wurke nei syn stúdzje foar masinefabrikant Dean, Smith & Grace, en waard dêrnei tekener by de liftfabrikanten Smith, Major en Stephens yn Northampton. Yn maart 1914 kaam Smith as tekener yn tsjinst by de Sopwith Aviation Company. Letter dat jier waard er haadyngenieur by Sopwith. Smith ûntwurp dêrnei efterelkoar de Sopwith Pup, Sopwith Triplane, Sopwith Camel en de Sopwith Snipe. Hy wurke foar de firma Sopwith oant dy yn oktober 1920 opheft waard.
Yn febrewaris 1921 nûge de Mitsubishi Internal Combustion Engine Manufacturing Company yn Nagoya Smith út om yn 'e mande mei guon oare eardere Sopwith-yngenieurs Mitsubishi te helpen by it opsetten fan in bouôfdieling foar fleantugen. Yn Japan ûntwurpen hja de 1MT, B1M, 1MF en de 2MR.
Smith gie yn 1924 werom nei Ingelân en luts him werom út de loftfeartyndustry.
Untwerpen fan Smith
bewurkje seksjeIn kar:
-
Prototype Sopwith Triplane
-
Sopwith Snipe
-
Mitsubishi 2MR
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, referinsjes en noaten, sjoch en:Herbert Smith (aircraft designer) |