Herder (band)
Herder wie in Fryske supergroep út De Westereen dy’t him talei op sludgemetal, stonerrock en doommetal. De band wie foarme om JB van der Wal dy’t ek spile yn Aborted, Leaves' Eyes en Atrocity.
Herder | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | metal, rock | |
bestean | 2010-2019 |
Skiednis
bewurkje seksjeHerder waard yn 2010 oprjochte om gitarist JB van der Wal. De namme fan de band is ûntliend oan it lyksa neame bûsmes, dat neffens de ferhalen in soad brûkt wurdt troch de stekgrage ynwenners fan De Westereen en omkriten.[1] De band brocht fjouwer albums út op Reflections Records.
Diskografy
bewurkje seksje- Fergean (2016)
- Gods (2014)
- Doomed (2013)
- Horror Vacui (2012)
- Same Title LP2011)
- Demo 2010 (2010)
Besetting
bewurkje seksje- Ché Snelting (Born from Pain), sang, sûnt 2012
- JB van der Wal (Aborted, Leaves' Eyes, Atrocity), gitaar
- Jeroen Vrielink (Entrapment), gitaar, sûnt 2011
- Marc, gitaar (Fest, Ommission)
- Tom, drums
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|