Herfoarme Rêsthûs (Harns)
It Herfoarme Rêsthûs yn Harns waard yn 1763 stifte as in Aldereinhûs (ek Diakenij Aldemanlju- en Aldefrouljuhûs) oan de westkant fan it tsjerkhôf fan de Grutte Tsjerke fan Harns.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1763 waard besluten om yn Harns in âldereinhûs te stiftsjen foar de earme heukerige lidmaten fan de herfoarme tsjerke. De stifting waard mooglik makke troch in jefte fan de magistraat fan Harns en troch de leaftidichheid fanút de boargerij. Yn 1769 waarden in oantal huzen foar echtpearen byboud. Yn de 19e-iuw waard it Oudeliedenhuis omfoarme ta it Herfoarme Rêsthûs fan Harns. De wenningen steane om in binnenplak en foarmje in hofke, mei de yngong en poarte oan it Tsjerkepaad. De wenningen oan it Tsjerkepaad binne leechbou en waarden yn 1873 fernijd. Oan de west- en oan de noardside steane twa fleugels fan twa boulagen dy't yn 1894 boud waarden. Yn 1901 waarden de foargevels oan de strjitkant fernijd. As oantinken oan de fernijingen yn 1873,[1] 1894[2] en 1901[3] binne betinkingsstiennen setten. De wenningen oan it Tsjerkepaad 30 en 32 hearden ek ta it besit fan de herfoarme diakenij.
Op 10 juny 1974 bruts der brân út yn it âlde gedielte fan it rêsthûs. De souderferdjipping gie yn flammen op. In gedielte fan de bewenners wie net thús om't se mei in reiske wiene, de oare bewenners koenen rêden wurde.[4] Yn 1975 waard yn Harns it nije fersoargingshûs Almenum iepene as ferfanging fan it âlde rêsthûs oan it Tsjerkepaad. Ein jierren santich fan de tweintichste iuw waard it leechsteande kompleks oan it Tsjerkepaad brûkt foar de opfang fan Fietnameeske boatflechtlingen.[5]
Oangrinzjend oan de westside fan it kompleks stie it eardere roomske Sint-Annagesticht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|