Herman Haga (Aldeboarn, 24 jannewaris 1852 - Zeist, 11 septimber 1936) wie in Nederlânsk natuerkundige.

Herman Haga

Haga studearre fan 1871 oant 1876 natuerkunde oan de Ryksuniversiteit Leien[1]. Hy promovearre op it proefskrift Over de absorptie van stralende warmte door waterdamp by P.L. Rijke. Fan 1886 oant 1921 wie hy heechlearaar yn de natuarkunde oan de Ryksuniversiteit Grins, dêr't hy in natuerkunich laboratoarium bouwe liet. Hy die ûndersyk nei de elektryske spanning levere fan it Weston-normaalelemint - dat late ta de definysje fan de volt - en mei Cornelis Wind nei de ferstruïng fan röntgenstrieling oan kristalroasters, wêrmei't it weachkarakter fan dy strieling sjen litten waard.

Haga wie ien fan de oprjochters fan de Nederlânske Natuerkundige Feriening.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. K. van Berkel, De onbekende Herman Haga, medeoprichter van de NNV, Nederlands Tijdschrift voor Natuurkunde, augustus 2011, 77 (8), 296-298