Hesselte is in âlde namme foar it doarp Darp (darp, derp = doarp) yn de gemeente Westerfjild (oant 1998 Havelte)

It is it âldste buorskip yn de eardere gemeente Havelte, mei in blokstruktuer, no situearre as delsettingsrestant tusken Havelte (easten) en it nije Darp (westen). Boarnen ferrmelde: 1298-1304 Heslen, yn 1328 Westerheslen ( as ûnderskieding fan Easterhesselen), yn 1368 Hesselt; oant yn de 16e iuw hiet de delsetting Hesselte. De nammeferwikseling mei Darp is, neffens W.J. Hagoort (1971) in mystearje. Ek it tichtbylizzende Hesselterfean ûndergie in nammeferoaring en hjit no Nijefean (gemeente Meppel).

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: