Het Drents Schildersgenootschap
Het Drents Schildersgenootschap is in Nederlânsk keunstkollektyf.
It genoatskip waard yn novimber 1954 oprjochte troch in tal Drintske keunstskilders, wêrûnder Erasmus Herman van Dulmen Krumpelman, Evert Musch en Arent Ronda. [1] Sy wiene earder belutsen by keunstrûnte De Drentse Schilders, dy 't yn 1953 te sjen gien wie. Yn tsjinstelling ta de eardere keunstrûnte, waarden troch it genoatskip easken steld oan kwaliteit; allinnich keunstners dy 't in sa heech mooglik artistyk nivo neistribben koene. Earste foarsitter waard Karst Hinderikus Lambers, boargemaster fan Anloo. Yn de rin fan de jierren waarden meardere útstallingen organisearre, mei in tal jubileumeksposysjes yn it Drents Museum.
Yn 1977 waard de Kulturele priis fan Drinte oan it genoatskip takend. It lidmaatskip is net langer foarbehâlden oan skilders, ek oare keunstners as grafisy, keramisten en byldhouwers kinne optrede. Leden binne ûnder oaren Flip Drukker, Kea Homan, Herman van de Poll, Bart Pots en Lydeke von Dülmen Krumpelmann
Literatuer
bewurkje seksje- Veen, F. van der (2004) Gekleurd beeld, 50 jaar Drents Schildersgenootschap. Beilen: Het Drentse Boek
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Het Drents Schildersgenootschap fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |