Het Narrenschip (keunstnerskollektyf)

Het Narrenschip wie in Nederlânsk keunstnerskollektyf.

Skiednis bewurkje seksje

'Het Narrenschip' waard op 7 april 1950 oprjochte yn Grins troch sân keunstners as tsjinwicht foar de behâldende mentaliteit en de net sa aktive hâlding fan keunstnersgroep De Ploeg yn de jierren nei de oarloch. De namme het Narrenschip wie oan de iene kant in ferwizing nei de útjeften dy't Hendrik Werkman yn de oarlochsjierren fersoarge ûnder de namme De Blauwe Schuit, mar ek in ferwizing nei de Dadabeweging. De leden neamden harsels krektas de dadaïsten "narren".

De oprjochters wiene de Ploegleden Jan Jordens, Jan Altink, Jan van der Zee en Ekke Kleima en de skilders Piet Snel, Abe Kuipers en Coen Schilt, dy't har' eigen eksposysjes hâlde woene yn de fan de gemeente Grins oan De Ploeg beskikber stelde romte yn it Prinsehof. Sadree't dúdlik waard dat in nije feriening oprjochte wie, waarden de fjouwer Ploegleden skorst. Jordens, Altink en Van der Zee seine mei-inoar har lidmaatskip op. Altink kaam nei in skoftke wer werom nei De Ploeg. Ta de keunstners dy't har by de groep oansletten wie ûnder oaren Wobbe Alkema, dy't him yn 1951 oanmeld hie as lid fan De Ploeg mar rillegau wer opsei en yn 1952 lid waard fan it Narrenschip. De tentoanstellingen waarden fan 1950 ôf yn 'e regel yn Galery De Mangelgang oan de Lage der A holden, in galery dêr't in protte Grinzer keunstners harren earste útstalling hiene en harren karriêre begûnnen.

De groep liet him, yn wikseljende gearstalling, yn mar ek bûten de provinsje Grinslân sjen; begjin 1951 eksposearren fiif leden fan de groep, Jordens, Van der Zee, Kleima, Gau en Schilt, yn it Princessehof yn Ljouwert en yn Het Huis van Looy yn Haarlim. Yn 1956 waard der eksposearre yn de Dútske stêd Aurich.

Troch in tekoart oan organisatoarysk talint foel de groep stadichoan útinoar en waard yn 1957 opheft. Opfolgers wiene de feriening Groep '57 en yn 1959 de keunstnersgroep NU. 'Het Narrenschip' soarge foar in nij artistyk klimaat yn Grins

Literatuer bewurkje seksje

  • "Jan Jordens", tentoanstellingskatalogus Grinzer Museum (2006), s. 44-45
  • Cees Hofsteenge en Caspar Wechgelaer: "Jan Gerrit Jordens, leven en werken" Benjamin & Partners, Grins (1994), s. 81-82
  • H.W. van Os: "Wobbe Alkema en de Groninger schilderkunst", Wolters-Noordhoff en Bouma's Boekhuis Groningen (1978)

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: