Hette fan Aebinga

Hette fan Aebinga, († 1575), wie in grytman fan Menameradiel en soan fan Ruurd fan Aebinga en Ida fan Dekama. Hy wie troud mei Sjouck, dochter fan Frans fan Cammingha en Jouck Walta fan Jongema te Boazum.

Doe't yn 1566 it plakkaat wegens herstel fan de roomske tsjerketsjinsten yn Ljouwert ôfkundige wurde soe, ûntstie dêroer op de gearkomste yn de tsjerke yn Aldehou en felle twis, wêrby't Fan Aebinga, dy't destiids yn Hallum wenne, en lid fan it skuttersgilde yn Ljouwert wie, yn hege wurden rekke mei de Ljouwerter boarger Gabbo Selsma, dy't tsjin him sei dat hy neat te meitsjen hie yn dizze gearkomst. Troch syn roomske leauwensgenoate oerstimd, moast hy doe de tsjerke ferlite. Lykas Allert fan Sierksma, grytman fan Ljouwertteradiel,tekene hy yn jannewaris 1567 it fertooch fan Aremberg, ta befêstiging fan harren trou oan de kening en harren gehechtheid oan it katolisisme. Hy stiet boppe-oan de list fan ûndertekeners. As beleanning foar syn war foar de Spaanske partij, dêr't er in soad foar dien hie, waard hy yn 1572 troch de kening ta grytman fan Menameradiel oansteld. Hy skynt lykwols mei syn yngesetenen net goed oerwei kind te hawwen. Yn 1575 stoar hy en kaam op it hôf by it St. Annakleaster yn Ljouwert yn de Beginestrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • NNBW
  • H. Baerdt van Sminia - Nieuwe Naamlijst van grietmannen, (Ljouwert, 1837), 176-178.