De Hiddemastate wie in state besuden Himpens yn de buorskip Suderbuorren yn de gemeente Ljouwert. Fan de state is neat werom te finen.

De stins waard mooglik al yn de 13e iuw boud. Yn de '’Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden’' stiet dat “De Kerk deezer plaats is ter eere van St. Marten gesticht, door twee Zusters, woonachtig op Hiddema State, onder deeze Parochie”. Dat wie al yn de trettjinde iuw. Yn de fûneminten fan de pleats binne âlde Fryske kleastermoppen ferwurke dy't út dy tiid komme.

Yn 1698 binne de hearen Sjuck Gerrolt en Taco fan Burmania as kurators oer jonker Duco Gerrolt fan Burmania, hear fan Camminghaburch, yn it besit fan it stimrjocht dat op de state leit. Yn 1700 stiet Duco Gerrolt sels as eigener neamd yn it floreenkohier. Brûker is dan Pijtter Broers. Oft de state dan noch bestiet wurdt der net by fermelde, mar die wie doe grif al ferdwûn.

In de 19e iuw waard de pleats bewenne troch de destiids yn West-Europa rûnom bekende feehanneler Pieter Annes Boersma, ek wol Pieter Annes fan Himpens neamd. Hy ferhannele in soad Frysk kofee nei Hollân en eksportearre kij nei ferskate lannen. Nei Ingelân wol safolle dat hy yn Londen in eigen makelder oansteld hie. Mar ek sette hy alle jierren “met eene onoverzienbare menigte” keallen op Drachten ta, dêr't hy se oan Pruisyske hannelers ferkocht dy't se nei Poalen ferfierden. Boersma waard in ryk man troch dy hannel, hoewol't er de legere skoalle nea ôfmakke hie en net lêze, skriuwe of boekhâlde koe.

Yn 1960 ûntdekte de destiidske eigener B. de Boer op it terrein njonken de pleats in dimpt gat mei in trochsneed fan ien meter. It blykte in 4 meter djippe put te wêzen en op de boaiem waarden acht puntgeve kûgelpotten út de 12e iuw fûn. De potten binne oan it Frysk Museum skonken.

Bewenners bewurkje seksje

  • 12e iuw susters Hiddema
  • 1700 Duco Gerrolt fan Burmania
  • 19e iuw Pieter Annes Boersma
  • 1960 B. de Boer

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • Ljouwerteradiel troch dr. G. Abma, 1984
  • website Histoarysk Sintrum Ljouwert