Hillich-Krústsjerke (Nikosia)

De Hillich-Krústsjerke (Gryksk: Καθολικός Ναός του Τιμίου Σταυρού) is in roomske tsjerke yn Nikosia op it eilân Syprus. De tsjerke is in parochytsjerke fan it Latynske patriarchaat fan Jeruzalim.

Hillich-Krústsjerke (Nikosia)
Lokaasje
lân flagge fan Syprus Syprus
plak Nikosia
adres Pafou
koördinaten 35°10 'NB, 33°21 'EL
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
Arsjitektuer
boujier 1900-1902
Webside
www.holy-cross-nicosia.com
Kaart
Hillich-Krústsjerke (Nikosia-Sintrum)
Hillich-Krústsjerke

De earste oan it Hillige Krús wijde tsjerke waard yn 1642 boud en oant de ein fan 'e 19e iuw as tsjerke brûkt. Op 8 april 1900 waard in nije tsjerke boud, dy't foar in part troch it Spaanske keningshûs en foar in diel troch de Fransiskanen út it Hillige Lân finansierre waard.

Op 16 febrewaris 1902 wie de offisjele wijing fan 'e tsjerke. Yn 1959 waard njonken de tsjerke in kleaster boud.

As gefolch fan it konflikt fan 1963-1964 en 1974 yn Syprus waard de tagong nei de tún ôfsletten, om 't de tsjerke yn 'e buffersône tusken it Gryksk-Syprioatyske en it Turksk-Syprioatyske Nikosia leit. Sawol de haadtagong nei it kleaster as ek de tagong nei de tún sjogge út op it troch Turkije besette gebiet en binne sletten. Dêrfandinne waard yn 1996 in nije, aparte tagong en nije tagongspoarte boud. Yn'e tún stiet in Lourdesgrot.

De parochy bestiet út in tige multykulturele mienskip fan likernôch fyftich ferskillende nasjonaliteiten. De missen wurde yn acht ferskillende talen holden. De tsjerke en it kleaster steane tichteby de Pafospoarte yn it west fan it histoaryske sintrum en wurdt betsjinne troch Fransiskanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: