Hillich Krústsjerke (Arabkir)

De Tsjerke fan it Hillich Krús (Armeensk: Սուրբ Խաչ եկեղեցի) is in tsjerkegebou fan 'e Armeensk-Apostoalyske Tsjerke yn it distrikt Arabkir yn 'e Armeenske haadstêd Jerevan. De tsjerke is de tredde tsjerke yn Armeenje, dy't mei help fan 'e filantroop Louise Manoogian Simone (* 19.03.1933 – † 18.02.2019) boud wurde koe.

Hillich Krústsjerke
Սուրբ Խաչ եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
plak Jerevan
adres Komitas Avenue, Arabkir
koördinaten 40°12'N, 44°31'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Artak Ghuljan
boujier 2018
Kaart
Hillich Krústsjerke (Jerevan)
Hillich Krústsjerke

It ûntwerp fan 'e tsjerke is ôfkomstich fan 'e arsjitekt Artak Ghuljan, dy't de ûntwerpen foar in soad nije tsjerken levere.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hillich Krústsjerke, Jerevan-Arabkir fan Wikimedia Commons.