Hillige Trije-ienheidstsjerke (Jerevan)

De Hillige Trije-ienheidstsjerke (Armeensk: Սուրբ Երրորդություն Եկեղեցի; Soerb Jerrordûtjûn) is in Armeensk-apostoalysk tsjerkegebou yn it Malatia-Sebastia-distrikt fan 'e Armeenske haadstêd Jerevan. Foar de yn 2003 boude tsjerke stie de 7e-iuwske Zvartnots-katedraal model.

Hillige Trije-ienheidstsjerke
Սուրբ Երրորդություն Եկեղեցի
Lokaasje
lân Armeenje
plak Jerevan
adres 11 Raffi strj., Malatia-Sebastia
koördinaten 40°10'N 44°26'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Armeensk-Apostoalyske Tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt Baghdasar Arzûmanjan
boujier 2003-2005
Webside
Side tsjerke
Kaart
Hillige Trije-ienheidstsjerke (Jerevan)
Hillige Trije-ienheidstsjerke

De bou fan 'e tsjerke sette yn maart 2001 útein neffens in plan fan 'e arsjitekt Baghdasar Arzûmanjan en waard mooglik makke troch Louise Simone Manoogjan, in Amearikaanske fan Armeenske komôf.

Op 9 novimber 2004 liede katolikos Karekin II de konsekraasjerite fan 'e krúsen fan 'e Trije-ienheidstsjerke. De wijing fûn troch Karakin II plak op 20 novimber 2005.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Holy Trinity Church, Yerevan