Himelfearttsjerke (Jaroslavl)
De Tsjerke fan de Himelfeart fan de Hear (Russysk: Церковь Вознесения Господня) is in fiifkoepelige tsjerke yn Jaroslavl, Ruslân. Tichteby de tsjerke stiet noch in oare tsjerke: de Presintaasjetsjerke; de iennige tsjerke yn Jaroslavl dy't boud waard yn 'e styl fan 'e Elizabethaanske barok. Beide tsjerken hearre ta deselde parochy en waarden koartlyn restaurearre. De Himelfearttsjerke wie sa slim fernield, dat er foar in part rekonstruearre waard.
Himelfearttsjerke
Вознесенская церковь | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Jaroslavl | |
plak | Jaroslavl | |
adres | Ul. Uglich | |
koördinaten | 57° 37' N 39° 52' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1682 | |
monumintale status | Federaal monumint | |
monumintnûmer | 761620672890005 | |
Kaart | ||
Oerlevering oer de oarsprong fan de Himelfearttsjerke
bewurkje seksjeDe oarsprong fan 'e parochy wurdt yn it ferhaal oer de bou fan 'e houten Himelfearttsjerke yn 'e 17e iuw ferhelle. De hannel mei Ingelsen en Nederlanners brocht ûnder Ivan de Ferskriklike Jaroslavl in perioade fan wolstân. Hja libben frij en yn frede mei de ynwenners fan Jaroslavl en bouden in soad pakhûzen yn 'e stêd. Foar de eigen sielesoarch fregen de bûtenlanners oan 'e aartsbiskop fan Rostov tastimming om in protestanske tsjerke te bouwen yn Jaroslavl. De aartsbiskop joech dy tastimming, mar dan bûten de stêd yn 'e delsetting Kondakovo oan 'e wei rjochting Uglitsj. Doe't de rike Gryk Vasily Kondaka hjir fan hearde waard hy sa lilk, dat hy yn alle hasten sels in houten tsjerke ta eare fan 'e Himelfeart fan de Hear bouwe liet (1584). Letter waard by de Himelfearttsjerke de Presintaasjetsjerke boud.
Wichtige data yn de skiednis fan de bou
bewurkje seksje- 1667: Twa houten tsjerken (in simmertsjerke en in wintertsjerke) baarnden ôf.
- 1668: De metropolyt Jona Sisojevitsj segenet de bou fan 'e nije tsjerke.
- 1677: De preester frege de metropolyt om de houten tsjerke te ferfangen troch in stiennen tsjerke.
- 1682: Yn 'e moanne maaie wurdt in nije fiifkoepelige Himelfearttsjerke ynwijd. It ûntwerp fan de nije tsjerke foldie de ynwenners fan Jaroslavl sa goed, dat deselde easken oan 'e bou fan 'e Fjodorovskytsjerke steld waarden, de tsjerke dy't yn 'e 20e iuw de katedraal waard fan it bisdom Rostov-Jaroslavl.
- 1706: De tsjerke krige tastimming om in kapel ta eare fan 'e hilligen fan Solovetsky yn te rjochtsjen.
- 1736: De tsjerke waard beskildere mei fresko's.
- 1810: Om winterdeis de fiering fan 'e betide liturgy mooglik te meitsjen, waard yn 'e galerij fan 'e tsjerke in kapel ynrjochte ta eare fan "Us Leaffrou fan 'e Blydskip foar Allegear dy't drôvich binne".
Tusken 1689 en 1691 waard by de Himelfeartsjerke de stiennen Presintaasjetsjerke as simmertsjerke boud. Fan dy earste Presintaasjetsjerke bleau allinnich in part fan 'e refter bewarre. Yn 'e 18e iuw liet de sidefabrikant Gûrjev, dy't syn bedriuw tichteby de tsjerke hie en de tsjerke finansjeel in soad holp, in klokketoer bouwe, dêr't fiif klokken yn kamen te hingjen. Katarina II liet út wurdearring foar de ynspannings fan Gûrjev de tsjerke fernije mei nije barokke gevels. De dochter fan Gûrjev liet nei syn dea mei de bou fan in fergulde ikonostaze de ynrjochting foltôgje. Yn 1825 waarden de fresko's fernijd.
Katarina's plan om Jaroslavl op 'e nij yn te rjochtsjen, foarseach ek yn it plan om yn it gebiet fan 'e Himelfeartparochy in bedriuwekompleks op te setten. Fan dat plan kaam lykwols net folle telâne en de bedriuwen krigen in oar plak. It Olovjanisjnikov-fabryk, dat ek belangen hie yn 'e Himelfeartparochy, liet foar de toer nije klokken jitte. Yn 1802 krige de toer in klok fan 200 pûn en yn 1848 noch ien fan 490 pûn.
De lêste iuw
bewurkje seksjeBy de opstân fan Jaroslavl yn 1918 tsjin de bolsjewiken hiene de beide parochytsjerken slim te lijen fan it geweld. De parochy liet de skea fuort neitiid ferhelpe.
Yn opdracht fan 'e ateïstyske autoriteiten waarden de tsjerken yn 1929 sletten. Fuort dêrnei waard de klokketoer ôfbrutsen en de koepels fan 'e beide tsjerken ferwidere. Noch yn 'e jierren 1990 waarden de misfoarme tsjerken brûkt troch in feriening fan 'e tram. De ûntholle Himelfearttsjerke waardas pakhûs brûkt en de Presintaasjetsjerke tsjinne as bibleteek en ferieningsgebou.
Yn it ramt fan 'e privatisearring fan it gebiet en de bou fan in winkelsintrum yn 'e rin nei it 1000-jierrich jubileum fan Jaroslavl (2010) waarden de beide tsjerken oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke werom jûn. Dêrnei begûn in restauraasje fan beide gebouwen.
Ofbylden fresko's Himelfearttsjerke (1736)
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенско-Сретенский приход
|