Himelfearttsjerke (Josjkar-Ola)
De Himelfearttsjerke (Russysk: Церковь Вознесения; tserkov Voznesenija) is in otterdokse parochytsjerke yn 'e stêd Josjkar-Ola (Mari El) yn 'e Russyske Federaasje. De tsjerke falt ûnder it bisdom Josjkar-Ola en wie fan 1993 oant 2016 de katedraal fan it bisdom.
Himelfearttsjerke
Церковь Вознесения | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Mari El | |
plak | Josjkar-Ola | |
koördinaten | 56° 38' N 47° 54' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1756 | |
boustyl | Russyske barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 121610436530006 | |
Webside | ||
mari.eparhia.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1756 yn it doetiidske Tsarjovokoksjajsk boud ûnder it bewâld fan Elizabeth fan Ruslân. Stifter fan 'e tsjerke wie de keapman Ivan Andrejevitsj Ptsjelin, dy't syn hûs njonken de tsjerke hie. De oan 'e tsjerke ferbûne geastliken wiene warber yn it ûnderwiis en aktyf op ferskillende skoallen yn it parochygebiet.
De tsjerke bleau yn 'e tiid fan 'e Sovjet-Uny noch relatyf lang iepen, ek al hiene de oan 'e Himelfearttsjerke tsjinjende geastliken slim te lijen ûnder it nije bewâld. Op 23 maaie 1935 waard de biskop arrestearre op beskuldiging fan kontrarevolúsjonêre aktiviteiten, feroardiele ta trije jier ferballe nei Archangelsk, dêr't er yn 1938 deasketten waard. Ek de lêste preester foar de Twadde Wrâldkriich waard arrestearre, ferballe en yn 1937 deasketten.
Op 9 desimber 1937 waard de tsjerke, op dat stuit noch de iennige aktive tsjerke fan 'e stêd, sletten. It gebou waard oan in radio-útstjoerder oerdroegen en letter oan in brouwerij, wylst de klokketoer en de poarte mei it stiennen stek ôfbrutsen waarden. Fierder waard in galerij ôfbrutsen en oan 'e tsjerke in twa ferdjippings hege fabryk boud. Alle muorreskilderingen yn 'e tsjerke ferdwûnen en de tsjerke rekke yn it neigean.
Yn 1992 waard de tsjerke werom jûn en op 24 april dat jier waard it haadalter wer ynwijd. Healwei de jierren 1990 waard nei de restauraasje ek de rest fan de tsjerke wer yn gebrûk nommen. Yn 'e jierren 2008-2009 waard de klokketoer wer opboud yn wat oare foarmen as de oarspronklike toer.
Nei de foltôging fan de Ferkundigingskatedraal fan Josjkar-Ola yn 2016 rekke de Himelfeartkatedraal de status fan katedraal kwyt. It is tsjintwurdich in gewoane parochytsjerke.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Вознесенский собор (Йошкар-Ола)
|