Hindrik fan Castrop
Hindrik fan Castrop (Amsterdam, desimber 1736 - De Haach, 31 jannewaris 1806) wie in jurist.
As patriottysk abbekaat kaam er yn 1795 nei foaren. Hy wie fan 1796 oant 1798 lid fan de Earste en Twadde Nasjonale Fergadering (representeerende het Nederlandsche Volk). Yn 1797, wie er foarsitter fan it Revolúsjonêr Kommitee (lieder fan it regear) fan 20 febrewaris oant 6 maart.[1]
Ek yn 1797 waard er nei Fryslân ta stjoerd om hjir de "troebelen" te ûndersykjen. Hy krige spul mei Court Lambertus fan Beyma dy't lykwols letter syn freon waard.
By de steatsgreep fan 22 juny 1798 waard Fan Castrop finzen set, mar al yn july kaam er wer frij. Ferfolgens besette er it amt fan Riedshear by it Hof fan Hollân en West-Fryslân fan 1799 oant 1802. Fan Castrop is yn it harnas fan riedshear oan it Departemintaal Gerjochtshof fan Hollân stoarn, in funksje dy't fan 1799 ôf ferfold hie[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|