Hingjende tunen fan Babylon

De hingjende tunen fan Babylon wienen in botanysk en arsjitektoanysk keunstwurk dat tsjintwurdich rekkene wurdt ta de sân klassike wrâldswûnders. Dizze tunen waarden yn 6e iuw f.Kr. boud en oanlein yn opdracht fan de Babyloanyske kening Nebukadnezar. It wurk duorre fan 606 oant 562 f.Kr. Nei alle gedachten wie de oanlis it gefolch fan de winsken fan de nije frou fan de kening, Amytes, dy't ôfkomstich wie út bercheftige omkriten, en wend wie om in soad grien om har hinne te hawwen en dat de kening har helpe woe te wennen oan it libben yn it grutte Babylon. Ek de heal-legindaryske keninginne Sammu-ramat wurdt as bouwer neamd.

Ofbylding skildere troch de Nederlânske keunstner Martin Heemskerck út de 16e iuw

It bousel bestie út in searje terrassen, omheine troch muorren mei tuorren. De muorren wienen beplante mei beammen, strewellen en blommen. De tunen 'hongen' om samar te sizzen boppe de igge fan de rivier de Eufraat. Bysûnder wie de wize fan yrrigaasje: kanalen ûnder de grûn moasten soargje foar de tafier fan wetter.

De Babyloanyske tunen waarden wiidweidich beskreaun troch Grykske skiedkundigen lykas Strabo en Diodorus Sikulus. Konkrete bewizen fan de tunen binne lykwols net bewarre bleaun.