Hinkeljen
Hinkeljen is in âld bernespultsje dat yn in soad lannen op in soad ferskillende hinkelhokken (hinkelbanen) mei ferskillende spulrigels spile wurdt. Der binne hinkelhokken mei 8 nûmers, mar ek wol mei 10, it kin yn de foarm fan it ôfbyld mar ek wol yn de foarm fan in slakkehûs. It kin mei twa spilers tagelyk dien wurde mar ek wol mei mear. Ynstee fan in stientsje kin ek in stikje hout, in stik lead of in oar foarwerp brûkt wurde.
Spulrigels
bewurkje seksjeDe spulrigels binne tige ûngelyk, bern betinke se faak sels. Der bestiet bygelyks in fariant wêrby't it stientsje alle kearen mei de foet foarút skopt wurde moat. Hjirûnder in foarbyld fan in hinkelhok mei spulrigels:
- De earste hinkelder goait in stientsje op nûmer 1. Spilers meie net stean op in fek mei it stientsje deryn, dêr moat oerhinne hinkele wurde.
- Op ien foet tagelyk nei nûmer 2 en 3 hinkelje. By 4 en 5 mei op beide fuotten stien wurde. Gean dan troch nei 6 en dan de fuotten yn 7 en 8 tagelyk. Op 7 en 8 in heale draai meitsje en dan werom nei nûmer 2. Op nûmer 2 steande it stientsje pakke dat op nûmer 1 leit, en oer nûmer 1 nei de startposysje gean.
- De folgjende hinkelders komme dan oan de beurt. Ynstee fan om de beurt nei ien rûte kin ek hinkele wurde oant ien fan de spilers ôf is.
- De earste spiler goait syn stientsje dêrnei op fekje 2 en hinkelt de rûte.
- Dan folgje om beurten de oare spilers.
- Yn de beurten hjirnei komt it stientsje op fekken 3, 4, 5, 6, 7 en 8.
- Wa’t it stientsje neist de hinkelhokken goait is ôf en wa't sels bûten it hinkelhok komt is ek ôf.
- De 'earen' oan fek 1 meie brûkt wurde om yn te stean sadat der better goaid wurde kin, mar ek om op te stean as men om de weromreis oer tefolle fekken hinne springe moat.
- Wa't syn stientsje yn it fek L (libben) smyt moat in beurt oerslaan. Wa't it stientsje yn de D (Dea) smyt moat hielendal opnij begjinne. Wa’t ferkeard springt of it stientsje ferkeard goait is ôf.
- Dejinge dy't alle nûmers hân hat, mei in fek kieze en syn letter/namme dêryn sette. Oaren meie net yn dit fek stean, de eigener wol. Dy’t op 't lêst de measte fekken hat, hat wûn.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - Hinkeljen