Hippopotamus, meast Hippo, wie in jongereinsintrum yn in eartiidsk tsiispakhûs oan de Skoalstrjitte yn Ljouwert. By de iepening yn 1974 wiene optredens fan kabaretselskip Tum-tum út Lochem en muzyk fan de Skotske groep Contraband en der wie der in eigen ljochtshow. Foar dy tiid wie der al in groep jongeren dwaande om in gebou te krijen. De aktiviteiten begûnen al yn 1968 op it Fuqfestival yn de Westertsjerke. Letter wienen yn it JOK-gebou (letter troch brân ferwoaste) jûnen fan Provadye, sa't Hippo doe noch hiet. Doe kamen der ek noch twa Pow-wow's. Hippo waard opsetten troch jongeren en krige by de start trije ton subsydzje. In soad bestjoersleden studearren oan de Sosjale Akademy yn Ljouwert. Der kamen in berne-opfang, in restaurant, in hûsdrukkerij yn en der waarden sleep-ins halden. Doe't der yn 1975 klachten oer lûdoerlêst by live-konserten kamen gie it sintrum hurd efterút en gie yn 1977 ticht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: