Hiske Wiersma
Hiske Wiersma (Stiens, 1969) is in Fryske skilder út Berltsum. Nei har oplieding oan Ubbo Emmius (Tekenjen en skilderjen) yn Ljouwert (1991-1996) gie se nei de Akademy Minerva in Grins (1996-1997). Se skildert aktyf sûnt 1997.
Hiske wurket mest mei oaljeferve. Underwerpen binne meast bisten (kij, skiep, geiten en hûnen), mar ek lânskippen. Inkeld wurket se ek yn opdracht. By portretten maaket se dan meastentiids twa keunstwurken, om de druk op harsels te ferminderjen. De eftergrûnen binne meast abstrakt om sa it bist en it gefoel fan har tsjinoer it bist better útkomme te litten. Har wize fan skilderjen is ferskillend, geandewei ûntsteat de sfear op it doek. It wurk is in ympresje fan harsels en de sfear fan it wurk is dêrfan altyd ôfhinklik. Stimmingen as grutskens, eangst en nijsgjirrichheid binne faak fan de skildere bisten ôf te lêzen.
Hja hat eksposysjes hân yn galerys as De Twee Pauwen, Goutum en Zofier.