Hjidde, ek wol flaaksrûch, braakrûch, en knoprûch neamd, is de koarte tried fan flaaks en himp dy't by it swingeljen frijkomt.

By it swingeljen fan flaaks giet om lange triedden dy't frijkomme, dy wurde foar de produksje fan linnen brûk. Yn gefal fan himp giet it ek om de lange fezels dêr't ûnder oaren himptou fan makke wurdt. De oerbliuwende hjidde waard meastal ferbaarnd omdat it gjin merkwearde hie neat. Guon fabriken, sa as de Zaklinnenfabriek fan Harns, hawwe in kommersjele oplossing foar hjidde fûn en makken der grou jern fan.