Hoannebiterij of hoannefjochtsjen is it willemoeds mei elkoar fjochtsje litten fan hoannen by wize fan sport yn in arena of oar ôffrede plak. Meast wurdt der op de hoannen wedde. At ien fan de bisten ûnderleit, belies jout of dea is, is de kriich dien. Yn in protte, meast westerske lannen, is hoannebitrij ferbean fanwege dierebeskerming of út reden fan in wetlik ferbod op wedzjen. Yn in protte lannen is de hoannebiterij (al tûzenen jierren) tradysje en in populêre sport.

Hoannebiterij yn Yndia....
....en op in trouwerij yn Meksiko.
Oan de poaten wurde messen bûn

Hoannen binne fan natuere al agressyf foar inoar oer, al sil it meast by drigerij bliuwe. Yn de fjochtsport wurde beskate rassen (de fjochtrassen) spesjaal kweekt foar de sport. Der wurkt kweekt op krêft, lilkens en úthâldingsfermogen.
By sommige stilen wurde messen oan de poaten fan de hoanne fêstmakke, sadat sy elkoar hurder deadzje kinne. Somtiids krije se pynstillingen om sa langer fjochtsje te kinnen. Yn in protte westerske lannen wurdt hoannebiterij as wreed beskôge en is it dêrom ferbean. Dêrtroch bedarret de 'sport' wol yn de yllegaliteit. Yn oare lannen, bygelyks yn Súdeast-Aazje en Latynsk-Amearika, binne hoannegefjochten wol tastien en binne dêr tige populêr. [1] Yn 1981 ferbea it regear fan Yndoneezje lykwols eltse foarm fan gokken, sûnt is it hoannegefjocht dêr yllegaal.[2] It is legaal yn de Amerikaanske steaten: Louisiana en Nij Meksiko.[3]

Yn de 18e iuw wie de hoannebiterij yn Fryslân in gewoan folksfermeits, benammen yn de Dokkumer Wâlden, mar ek op oare plakken. In Dantumadiel bestie de hoannebiterij oant de Twadde Wrâldkriich ta.[4]

  • Clifford Geertz: Deep Play: Notes on the Balinese Cockfight. Yn: Myth, Symbol, and Culture. Dædalus, Journal of the American Academy of Arts and Sciences. Universiteit fan Harvard, Cambridge, Winter 1972, s. 1–37

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kunsthal.nl: Hanenmesjes
  2. DickenEls.nl: Op een zandpad in Bali, achter een tempelmuur
  3. RTL.nl: Hanen met handschoenen
  4. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Hanevechten.