Hobart (Tasmaanje)

Hobart is de haadstêd fan de Australyske dielsteat Tasmaanje. De havenstêd leit oan de súdeastkust fan it eilân. Hobart is stifte yn 1803 as in strafkoloanje fan Ingelân en is nei Sydney de âldste stêd fan Austraalje. Hobart hat sa'n 50.000 ynwenners, Grut-Hobart goed 200.000. De stêd leit oan de rivier de Derwent, de Tasman Highway en oan de foet fan de 1271 meter hege Mount Wellington. Yn Hobart is de Universiteit fan Tasmaanje festige.

Hobart
Bestjoer
Lân Austraalje
Dielsteat Tasmaanje
Sifers
Ynwennertal 212.019 (Grut Hobart, 2009)
Oerflak 1357,3 km²
Befolkingsticht. 895/ km²(2006)
Oar
Stifting 1803
Tiidsône AEST (UTC+10)
Simmertiid AEDT (UTC+11)
Koördinaten
Offisjele webside
Hobart City Council

De stêd is it finansjele- en bestjoerssintrum fan Tasmaanje en tsjinnet as útfalsbasis foar Australyske en Frânske Antarktyske ekspedysjes.

Stêd Hobart (grien) en Grut Hobart (blau)
De haven fan Hobart mei dêrefter it sintrum en Mount Wellington

Ut de skiednis

bewurkje seksje

De earste delsetting begûn yn 1803 as in strafkoloanje by Risdon Cove op de eastigge fan de rivier Derwent, dêr't Frânske ûntdekkingsreizgers har ek al sjen litten hienen. Yn 1804 waard in better plak socht, it waard it plak fan it Hobart fan no by Sullivans Cove. Yn it earstoan hjitte it plak Hobart Town of Hobarton, neamd nei de minister fan Koloanjen Lord Hobart. De lânseigen ynwenners hearden ta de heal-nomadyske Mouheneener-stam.[1] In rige bluodrige konflikten mei de Jeropianen en de syktes dy't hja meibrochten twongen de aboriginals te ferhúzjen. Har plak waard al rillegau ynnaam troch frije lânferhuzers en finzenen. Charles Darwin besocht Hobart Town febrewaris 1836 op syn Beagle-ekspedysje. Hy skriuwt oer Hobart en it estuarium fan de Derwent yn Voyage of the Beagle:

...The lower parts of the hills which skirt the bay are cleared; and the bright yellow fields of corn, and dark green ones of potatoes, appear very luxuriant... I was chiefly struck with the comparative fewness of the large houses, either built or building. Hobart Town, from the census of 1835, contained 13,826 inhabitants, and the whole of Tasmania 36,505.

Omadat de rivier de Derwent in goede haven wie en in hannelssintrum foar de walfiskfeart en de seehûnejacht yn de Súdlike Oseaan, koe Hobart rillegau ta in haven fan belang wurde, dy't yndustriën sa as skipsbou luts. Hobart Town waard in stêd op 21 augustus 1842 en krige yn 1875 de namme Hobart.

Berne yn Hobart

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Parliament of Tasmania – House of Assembly Standing Orders "We acknowledge the traditional people of the land upon which we meet today, the Mouheneener people."