Hokswier
Hokswier (ek: Hoxwier, Hox of hokse betsjut 'hoeke') wie in âlde state by Mantgum dy't tusken 1746 en 1748 ôfbrutsen is. De state stie noardeast fan Mantgum. De stins wurdt foar it earst neamd yn de 15e iuw. Trochdat de stins yn in hoeke dy't de Middelsee mei Mantgum makke stie, krige it syn namme.
Skiednis
bewurkje seksjeYn de 15e iuw wennen der Heringa's op de stins, mar om 1500 wenne der in Aesge Aesges van Hokswier en nei him syn soan Aesge. Aege is troch syn houlik ek eigener fan it Sjaerdema-hûs yn Frjentsjer. Letter kaam it yn besit fan de famylje Galama út Koudum. Oer Gaele Galama (1499-1559)[1] is in soad bekend omdat er in deiboek yn it Frysk skreaun hat.
Yn 1528 gie de stins nei Seerp Galama. Der wiene doe in hiem, hof en grêften en singels by it goed. De eigener hie boppedat it aadlike privileezje om de geastliken fan Mantgum te beneamen. Yn de striid tsjin Spanje flechte Seerp in skoft nei Emden. Syn broer Hartman fan Galama en syn sweager Sjoerd fan Beyma waarden beide yn Brussel terjochtsteld. Yn 1576 kaam Seerp werom op Hokswier en waard in jier letter grytman fan Barradiel. Hy is begroeven yn de tsjerke fan Mantgum. Letter kaam de stins yn besit by de famyljes Van Boelens en Van Aylva en de lêste bewenner Jonkhear De Lannoy dy't de stins nei 1725 platsmite liet en de grêften tichtsmiet.
De bewenners fan de pleats by de state waarden "De Hoxwiersters" en ôfkoarte de "x-wiersters" neamd. Dizze famylje hat dizze bynamme yn 1812 oerset yn de namme Swierstra. De wier is yn 1860 ôfgroeven en op Hokswier is hat oant ein 90er jierren in boerespultsje stien.
Nij Hokswier
bewurkje seksjeYn 2010 waard op inisjatyf fan in lid fan de Swierstra-famylje in replika fan de âlde state boud, dy't no de 'Nieuwe Hoxwier' hjit.
Archeologysk ûndersyk
bewurkje seksjeTusken 1995 en 2000 waard al ûndersyk op it terrein dien. By dit ûndersyk waarden ferskate grûnspoaren ûntdekt dy't mooglik diel útmakken fan de 17e-iuwske state. De boufallige stjelp waard begjin 2003 ôfbrutsen en yn april 2003 waard der archeologysk ûndersyk op it terrein dien. Der waarden boaiemspoaren fûn fan in stins út de 12e of 13e iuw. Fan dizze earste stins binne gjin muorreresten fûn. Fan de lettere stins waard yn in âlde dwersgrêft in diel fan de fundearring út ± 1600 weromfûn. Hjirfoar wienen âlde kleastermoppen út de 12e iuw werbrûkt. Earne oars op it terrein binne resten fan Romeinsk diggelguod fûn, wêrút blykte dat it terrein seker sûnt twatûzen jier bewenne west hat. De fynsten besteane nammentlik út potdiggels, in soad út de 17e en 18e iuw. Der binne ek in oantal metalen foarwerpen oantroffen, wêrûnder in koperen tsjettel út de Lette Midsiuwen of de Nije Tiid. Fierders binne der in pear learen skuon, inkele stikken glês, wat bonkemateriaal en bouwmateriaal fûn.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |