Hollânsk klassisisme

It Hollânsk klassisisme wie fan de jierren 1620 ôf oant de ein fan de 17e iuw de wichtichste boustyl yn de Noardlike Nederlannen. De bloeiperioade fan it Hollânsk klassisisme leit tusken likernôch 1625 en 1665; wichtige fertsjintwurdigers binne de arsjitekten Jacob van Campen (15951657) en Philips Vingboons (16071678). It Hollânsk klassisisme gie fia de Strakke styl oer yn de lokale fariant fan de Loadewyk XIV-styl.

Paleis op de Daam, Amsterdam: Jacob van Campen, 1646.
Bibliotheca Thysiana yn Leien, troch Arent van 's-Gravesande.
Vingboons, ûntwerptekening dûbeldhûs, Rokin 145-147
It Loo, yngong en foarkant (strakke styl)

Arsjitektuer

bewurkje seksje

Yn it Hollânsk klassisisme, ferkeard ek wol Klassisistyske barok neamd, wurdt dien makke mei de maniëristyske wize fan bouwen yn de tradysje fan Hendrick de Keyser. Op strange wize wurdt it klassike "oardeboek" neilibbe, dêr't de ôfmjittings, proporsjes en opienfolging fan de fiif boukeunstoarden (Toskaanske, Doaryske, Ioanyske, Korintyske en komposyt-oarder) yn beskreaun wurde. In wichtige ynspiraasjeboarne binne de foarbylden fan Andrea Palladio (1508-1580) en Vincenzo Scamozzi (1548-1616) yn Noard-Itaalje.

Histoarysk ûndersyk hat bliken dien dat de waaksende rykdom fan de hearskjende elite fan de Republyk de grûnslach foarme fan in nije, deftiger libbensstyl. Dy útere him yn in ynbannich en ôfstanlike, mar tagelyk en ymposante arsjitektuer. It wichtichste foarbyld fan it Hollânsk klassisisme yn Amsterdam is teffens it wichtichste gebou fan de stêd: it eardere stedhûs op de Daam, no Paleis, fan Jacob fan Campen (boud yn 1648/55).

Wichtige foarbylden fan it Hollânsk Klassissisme wurde fral fûn by it dûbelde hûs(50–60 foet breed). Dy binne hast allegear fan Philips Vingboons, in inkelde fan syn broer Justus Vingboons (1620–1698). By it inkelde hûs (25–30 foet) jout de tapassing fan de klassisistyske foarmen swierichheden, omdat pylder- en pilasterstellingen in behoarlike breedte nedich hawwe om ta harren rjocht te kommen. Philips Vingboons brocht de trepgevel werom ta in halsgevel om de klassisistyske foarmen by it inkelde hûs better ta syn rjocht komme te litten, ek al blykt it meastal net te slagjen om de mjitten fan de pilasters oerien komme te litten mei dy fan de pylderboeken.

Op twa ôfwikende wizen waarden dy foarbylden neifolge:

  • pilastergevels en
  • halsgevels mei minske- of bistefigueren yn de ornaminten, mar fierder hielendal yn Vingboons-styl.

Nei 1665 nimt it gebrûk fan de pilastergevel sterk ôf. Yn de perioade ±1665–±1700 wurdt de "strakke styl" tapast, de lêste faze fan it Hollânsk klassisisme. By dy sterk fersobere foarm komme dy tige fersobere pilasters net mear foar (of heechstens yn in doaromlisting). Strangens en foarnamens wurde bemachtige troch in strak ritme fan de gevelparten: strakke keale flakken, skerp útsniene finsteriepeningen. De iennichste dekoraasje is te finen yn de yngongspartij of de middelste travee en boppe de kroanlist. De middenas wurdt wichtich, ek yn it ynterieur. De wichtichste boumaster yn dy perioade is Adriaan Dortsman (1636–1682), mar de paadsljochter wie Philips Vingboons, dy't al yn 1638 in pilasterleaze gevel boude. Ek Vingboons gie om 1665 hinne mei mei de feroarjende rite. Nei 1670 nimt in jongere generaasje boumasters de nije soberens oer. De wichtichste boumasters binne dan Adriaan Dortsman en Elias Bouman. De strakke styl wurdt foaral tapast by grutte hearenhuzen, mar de smelle gevel wurdt der ek troch beynfloede: de halsgevel kriget in flakke gevel sûnder pilasters en allinnich te top hat fersierings.

Werom nei it (neo)klassisisme

bewurkje seksje

Tsjin de ein fan de 18e iuw ûntstie der opnij nijsgjirrigens foar it klassissime. Yn de measte lannen waard der weromsjoen nei de arsjitektuer fan de âlde Griken en Romeinen(neoklassisisme). Yn Nederlân waard dat lykwols kombineaerre mei in oplibjen fan it eigen 17e iuwske klassisisme[1].

It Nederlânsk klassisisme fan ein 18e - begjin 19e iuw foeget beide stilen gear. Sa kin bygelyks yn it stedhûs fan Grins in kombinaasje fan de pilastergevel (typysk foar it Hollânsk klassisisme fan de 17e iuw) mei it portyk mei frijsteande pylders (typysk foar de âlde Romeinske boukeunst en 18e-19e-iuwsk neoklassisisme) sjoen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ed Taverne en Irmin Visser (redactie). Stedebouw: De geschiedenis van de stad in de Nederlanden van 1500 tot heden. Utjouwerij SUN, Amsterdam, 2004, ISBN 90-6168-401-3. Side 140