Hongerjierren
Hongerjierren wienen der yn Fryslân mei troch de ekonomyske tastân in soad yn de 16e iuw. Yn 1554 foel de grins tusken roomsk en antiroomsk gedieltlik gear mei de skiedsline tusken earm en ryk. (Johann Samuel Theissen). De Byldestoarm fan 1566 wie dan ek net sasear in religieuze beweging. (L.J. Rogier)
Benammen 1557 wie in echt hongerjier. De tinkstientsjes yn de tsjerke fan Lytsewierrum en Fiskflyt tsjûgje dêrfan. De rogge wie doe ferskuorrende djoer. De regulieren fan Burgum fûnen it dat jier lykwols te omslachtich om it nôt te terskjen en brûkten it as struisel foar de hynders en foar bistefretten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|