Hongerklop
De hongerklop is it ynienen op wêzen fan de lichemsenerzjy by doersporten.
By doersporten moatte spierrizels (spierfezels) safolle mooglik oan it wurk wêze. Der binne wite en reade rizels. De wite draaie allinnich op sûkers, wylst de reade ek fet ferbaarne kinne. De hongerklop is it momint dat de wite rizels der mei ophâlde, omdat se gjin sûkers mear tafierd krije. Dêrtroch dogge der ynienen folle minder rizels mei oan en boppedat wurkje de reade rizels ynienen allinnich noch mar op fet, omdat dy ek gjin sûkers mear krije. As it fetferbaarnen dan noch noch net goed op gong komd is, falt de enerzjy stil.
It stuit fan de hongerklop by in doerynspanning hinget ôf fan de hoemannichte fan oanwêzige sûkers. Wat mear sûkers, wat langer al de rizels brûkt wurde kinne. Oan it begjin fan in doerynspanning moat der dêrom in grutte startfoarrie sûkers wêze. Dy foarrie moat in pear dagen yn it foar oanlein wurde troch in soad sûkers te iten. Ek trochite ûnder de ynspanning is fan grut belang. De ynspanning moat dêrby opboud wurde; der moat dus net te hurd útein setten wurde. Sa kin de hongerklop foarútskood wurde.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - hongerklop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|