Hooverdaam

(Trochferwiisd fan Hoover Daam)

De Hooverdaam is in keardaam yn de Kolorado Rivier ter hichte fan de Black Canyon (op de grins tusken de Amerikaanske steaten Arizona en Nevada). De daam – dy't 48 kilometer súdeastlik leit fan Las Vegas – is ferneamd nei Herbert Hoover dy't in tige wichtige rôl spile by de bou fan de daam, earst as Secretary of Commerce (Minister fan Hannel) en letter as presidint fan de Feriene Steaten. De Hoover Daam waard boud troch Six Companies Incorporated, ûnder lieding fan Frank Crowe. De bou waard út ein set yn 1931 en einige yn 1936, goed twa jier earder as de útrekkene datum. De eksploitaasje fan de daam wurdt dien troch it Bureau of Reclamation fan it U.S. Department of the Interior (it Ministearje fan Binnenlânske Saken).

De Hoover Daam fanút de loft besjoen.

It wetterreservoir dat him efter de daam foarme hat, hjit Lake Mead en is neamd nei Elwood Mead dy't tafersjoch hâlde by de oanlis fan de daam.