Hopman
In hopman (meartal: hoplju) wie foarhinne de rang fan in ofsier dy't oan it haad stie fan in findel of kompanjy. It is in ferbastering fan it Dútske Hauptmann, letterlik oerset: "haadman", dat in Dútsk purisme is foar wat yn it Frysk in kaptein neamd wurdt. De term 'hopman' waard yn 'e sechstjinde iuw troch hierlingen út it Hillige Roomske Ryk yn 'e Nederlannen brocht.
Paadfinerij
bewurkje seksjeBegjin tweintichste iuw kaam de term 'hopman' yn gebrûk om der in (folwoeksen) lieder fan 'e paadfinerij mei oan te tsjutten. In hopman stiet by de paadfinerij oan it haad fan 'e spultûke "jongferkenners", de ôfdieling foar jonges yn 'e leeftyd fan 11 oant en mei 14 jier. It is in rang dy't ekwifalint is oan dy fan akela, de lieder fan in jonges- of mingde jonges- en famkesôfdieling yn 'e leeftyd fan 7 oant en mei 10 jier. De hopman wurdt yn syn wurk ûnderstipe troch faandrichs en troeplieders.
Oan 'e ein fan 'e tweintichste iuw is de term 'hopman' binnen de Nederlânske tûke fan 'e paadfinerij fierhinne yn ûnbrûk rekke, krekt as trouwens de namme 'paadfinerij' sels (no sprekt men almeast fan 'scouting'). Lykwols is de rang fan hopman oan it begjin fan 'e ienentweintichste iuw noch altyd yn offisjeel gebrûk yn inkele paadfinerijferienings, wylst guon oaren him ûnoffisjeel as oansprektitel brûke.
NSB
bewurkje seksjeHopman en opperhopman wiene foarôfgeande oan en yn 'e Twadde Wrâldoarloch ek ofsiersrangen binnen de Warberheidsôfdieling (WA) fan 'e mei de Dútsers kollaborearjende NSB. Yn dy kontekst stie in opperhopman oan it haad fan in findel fan likernôch 120 man.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |