Houlik yn Fryslân
It houlik yn Fryslân wie ûnder it Aldfryske rjocht in ferdrach dat sletten waard tusken de famyljes fan de breid en breugeman.
De famylje fan de breugeman joech oan de oare famylje in geskink om it mundium oer de frou te keapjen. Neist it offisjele houlik wie der ek it rôfhoulik, wêrby't de man in frou út in oare meechskip skaakte. Woe de frou by de man bliuwe, dan wie it in jildich houlik, oars krige de man in boete om't er it mundium skeind hie. Yn de trettjinde iuw feroare dit ûnder it kanonnike rjocht. Letter wie foar in jildich houlik allinnich de tastimming fan beide partijen (eventueel harren âlden) nedich.
De grifformearden leinen yn de tiid fan de Republyk de klam op it tsjerklik houlik. Frije leafde (konkubinaat), twongen houliken en skiedings waarden net tastien. Houliksferkear (iere bysliep), 'fleislike konversaasje' foar de trije ôfkundigingen (proklamaasjes), waard, seker troch dûmnys, bestraft. It ferbrekken fan de ferloving wie ek net de bedoeling. De proklamaasjes koenen 'spierd' wurde, dus opkeard. Mingde houliken joegen faak swierrichheden. It boargerlik houlik waard akseptearre. Der mocht dan yn in oar plak troud wurde as dêr't de proklamaasjes bard wienen. De befêstiging barde yn in iepenbiere tsjinst nei de preek en it brûken fan it houliksformulier. Wertrouwen waard tastien, al joegen de graden fan sibskip swierrichheden.
De 'dissenters' (roomsen, minnisten, joaden) hienen it boargerlik houlik. Fan tsjerklike houliken dy't der grif ek west hawwe is net folle bekend.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - houlik
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|