Houliksguodrjocht

It houliksguodrjocht regelde de rjochtsbetrekkings tusken man en frou en harren besittings oan guod fan beide kanten.

Yn de Germaanske perioade wie de man alinnichhearsker oer it guod. Hy joech de famylje fan de breid as keappriis foar it mundium oer de frou in "wed". Al yn de iere Midsiuwen waard dit wed (meastentiids in stik lân) net langer oan de famylje mar oan de breid sels jûn en hold de man it beskikkingsrjocht oer dit wed. Mar al waard it replike guod nei ferrin fan jier en dei mienskiplik, de man hold syn eigen net-replike guod en behearde it frousguod en it mienguod.

Yn de lette Midsiuwen en yn de tiid fan de republyk kaar hjiryn wat feroaring. Net langer waard it oanbrochte replike guod fan man en frou mien mar allinnich it guod dat yn it houlik wûn en ferlern wie.

Nei de ynfiering fan it Boargerlik Wetboek bleau dit systeem yn it rjochtsbewustwêzen fan it folk trochlibjen. Soks blykt út de omstannichheid dat eigentlik allinnich yn Fryslân de mienskip fan winst en ferlies by de houlikse betingsten in soad foarkomt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Huwelijksgoederenrecht.
  • Hans Tägert - Familienerbe in Friesland, (Weimar, 1937)
  • Academiedagen II, (1948) side 37-72