Hubert Kornelisz. Poot

Hubert Kornelisz. Poot (Abtswoude (ûnder Delft), 29 jannewaris 1689 - Delft, 31 desimber 1733) wie in Nederlânsk dichter.

Portret fan H.K. Poot

Libben bewurkje seksje

Poot wie boer, mar fielde him yn it foarste plak dichter. It súkses fan syn yn 1716 publisearre dichtbondel Mengeldichten (útjûn troch Arnold Willis yn Rotterdam, werprinte yn 1718) brocht him der yn 1723 ta om him ta wenjen te setten yn Delft en him hielendal oan de literatuer te wijen. Dat waard lykwols in teloarstelling, Poot waard depressyf, rekke oan de drank en in jier letter gie er werom nei syn doarp.

Yn 1732 troude er mei de frou dêr't er sa'n tsien jier efteroan sitten hie en ferhuze er opnij nei Delft, dêr't er in jier letter stoar oan in niersykte.

Wurk bewurkje seksje

Poot wie net sa'n orizjineel dichter. Hy skreau in protte gelegenheidsgedichten, dêr't er in soad súkses mei hie, mar dy't no fergetten binne. By syn libben krige er faak besite fan pommeranten en studinten dy't wolris witte woene wa't dy dichtsjende boer wie. Dichtsjen waard ommers net dien troch minsken fan ienfâldich komôf.

Tsjintwurdich is der noch wol wurdearring foar syn eroatyske tinte minnedichten, ôfkomstich út syn 'Mengeldichten' (Mars en Venus' beddepraet, De verliefde Venus en De maen by Endymion). Dy waarden yn 1964 as Minnezangen, de titel dy't Poot al yn 'e holle hie foar de Mengeldichten) apart útjûn.

Poot syn natoergedichten (Akkerleven, Nacht) hearre ek ta syn bettere wurk.

De Schoolmeester (Gerrit van de Linde) skreau in skerp en koart grêfskrift foar him:

Hier ligt Poot,
Hij is dood.

Keppelings om utens bewurkje seksje