Hugenoaten yn Fryslân

De Frânsktalige Hugenoaten besochten yn 1635 in Waalske gemeente (Frânsk: Église wallonne) te stiftsjen yn Ljouwert (Waalsk betsjut yn dit ferbân: Frânsktalich). De oerheid steunde harren, mar de tsjerkeried wie der op tsjin.

Yn 1659 kaam de tsjerke der wol, benammen op oanstean fan Albertine Agnes en de hofrûnten. De steedhâlderlike famylje steunde de gemeente, dy't nei 1686 in bloeiperioade hie. Doe wienen der koarte tiid gemeenten yn Ljouwert, Harns, Gaasterlân (Balk), Boalsert, Frjentsjer, Snits, Dokkum en op It Hearrenfean.
Allinnich dy yn Ljouwert koe him hanthavenje (yn 1730 in oargel fan Maria Louise, yn 1732 grutte wapenboerden fan Maria Louise en Johan Willem Friso). De tsjerke yn de Grutte Tsjerkestrjitte wurdt no brûkt foar lytse tsjinsten (bg. troutsjinsten). De gemeente bestiet net mear.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: