Hugo Greebe
Hugo Greebe (Gorkum, 4 septimber 1916 – Zutphen, 16 oktober 1992) wie in Nederlânske politikus fan de PvdA.
Hy waard berne as soan fan dr. C.A.A.J. Greebe (1868-1954) dy't rektor fan it gymnasium fan Gorkum wie en letter ek rektor fan it gymnasium fan Alkmaar en rektor fan it Stedsk Gymnasium yn Grins west hat. Sels is er yn 1942 ôfstudearre yn de rjochten en gie yn dy perioade as folontêr wurkjen by de Ried fan Arbeid te Grins. Letter wie er in skoft ûnderdûkt en om 1944 hinne fêstige er him as advokaat en prokureur yn Amsterdam. Yn augustus 1945 gie er as adjunkt-kommys oan't wurk by de gemeentesekretary fan Grins. Greebe wie dêr yntusken promovearre ta kommys foar't er yn 1949 beneamd waard ta boargemaster fan Zweeloo. Yn maaie 1980 waard him dêr ûntslach ferliend.
Ein 1992 ferstoar Greeve yn'e âldens fan 76 jier.