Hum (Italjaansk: Colmo) is in stedsje op 400 meter hichte op it Kroatyske skiereilân Istrje. Mei minder as 30 ynwenners en 12 huzen, mar wol stedsrjochten, wurdt it troch Guinness World Records neamd as de lytste stêd fan de wrâld. Hum leit flakby Roč; tusken Hum en Roč leit in kuierrûte mei as ûnderwerp de skiednis fan it Glagolitysk skrift.

Hum yn Kroaasje

Hum wurdt noch altiten bestjoerd troch in eigen boargemaster. Dy wurdt jierliks keazen. Elke stimhawwende krijt in stik hout mei oan elke kant de namme fan in kandidaat. De stimgerjochtigden fan it doarp fykje in ynkeping oan de kant fan harren favorite kandidaat. De kandidaat dy't it meast 'op syn kerfstôk' hat, wint en is de nije boargemaster.

Der binne mear plakken dy't harsels de lytste stêd fan de wrâld neame, sa as it Belgyske plak Durbuy en it Fryske Sleat, it Frânske Larressingle en it Amerikaanske Fishtail. Dochs hat it Guinness Book of Records Hum oanwiisd as offisjeel lytste stêd fan de wrâld.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: