Humanitêr ekspresjonisme

Humanitêr ekspresjonisme is in keunststreaming út it begjin fan de 20e iuw dy't benammen yn Flaanderen en Dútslân populêr wie. [1]

It humanitêr ekspresjonisme is in keunstfoarm dêr 't de minske sintraal yn stiet, in útdrukking fan gefoelens en emoasjes mei felle kleuren. Dizze keunststreaming komt sawol foar yn de skilderkeunst as yn de literatuer, bygelyks by Paul van Ostaijen, Marnix Gijsen yn it Flaamske literêre tydskrift Ruimte en Wies Moens. De keunstners ûnderfine de werklikheid mei al har misery as oanset om gefoelens fan frede en universele bruorskip te uterjen.

Benammen ûntstean as reaksje op grouwélichheden fan de Earste Wrâldoarloch fierde de beweging in grimmitige striid foar de rêding fan it minskdom, tsjin it kapitalisme, dat hja ferantwurdlik achte foar de oarloch, en tsjin it romantysk yndividualisme. De humanitêr ekspresjonisten fersmieten de ôfsidigens fan de keunstner yn in elitêr yndividualisme en seagen it yndividu opnommen yn in kosmyske religieuze ferbûnens mei dy mienskip. It humanitêr ekspresjonisme is sadwaande ek ynternasjonaal rjochte ('folkemienskip') en pasifistysk. Dat sosjaal en moreel engaazjemint krige benammen yn Dútslân konkreet stal en dêr benammen yn tydskriften as Der Sturm (1910-1932, redigearre troch Herwarth Walden) en Die Aktion (1911-1932) fan Franz Pfemfert. Wichtige fertsjintwurdigers wiene Kurt Hiller, August Stramm, Franz Werfel en Georg Trakl.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. DBNL. DBNL Argivearre op 2 juny 2023.