Hurddraverij en Rinferiening De Jouwer
De Hurddraverij- en Rinferiening De Jouwer is in feriening op De Jouwer. De feriening lit twa kear yn it jier koersen ferride. Begin july is de 'Swipedei', wêrûnder de draverij om de 'Gouden Swipe' en ein septimber of begjin oktober de Jouster Merkekoersen. Dêr kin de winnende eigener/of pikeur in spesjaal makke Jouster stuoltsjesklok winne.
Skiednis
bewurkje seksjeDe feriening waard oprjochte yn 1885 en is dêrmei ien fan de âldste draverijferienings fan Nederlân. Al foar 1885 waarden ek al draverijen hâlden. Sa waard yn 1808 in hurddraverij hâlden in kastelein Zeverijn mei as ynset in sulveren swipe en in pear gouden spoaren. In pear jier letter waard de organisaasje fan de jierlikse merkedraverij oernomd troch it gritenijbestjoer. De âldst bekende, mei de hân skreaune, dielnimmerslist is fan 1817. Op dy en de lettere dielinimmerslisten Het Grietenijbestuur zal aan den eigenaar van het snelstdravend paard een Extra fraaije zilveren Tafel- Tabakspot en Duo Komfoor tot prijs vereeren en een paar Sporen tot premie. Ek de 'Conditien' fan fjouwer siden waarden mei de hân skreaun. Sels de lingrte fan de baan waard troch it gritenijbestjoer fêststeld.
Oant 1928 waarden de draverijen hâlden op en oan de Hurddraversdyk en de Vegelinsdyk. Oan it begjin fan de tweintichste iuw organisearre ek de kastlein fan It, Dirk Glas, in skoft draverijeen op de Vegeleinsdyk. In oantal boeren út de omjouwing wiene oansocht as sjueryleden, syn broer Jan Glas wie dan starter.
Jouster Merkekoersen
bewurkje seksjeOp moandei 1 oktober 1928 waarden de merkedraverijen foar de earste kear hâlden op de nije baan fan it Nutssportterrein. Yn 1927 waard dêr in sportpark mei tribune oanlein troch eigener “It Nutsdepartement”. Mear as 3000 besikers folgen die dei de trettjin dielnimmende hynders op de koarte baan. By de hynders wiene 'Ago Kan' fan W. Herder en 'Pijlsnel W' fan T. Veldhuis, beide fan de Jouwer. De jierlikse koartebaandraverij bleau in oantal jierren in ûnderdiel fan Jouster Merke. De baan kaam letter net yn oanmerking foar in profesjonele draafbaan. De keppelkoers bleau wol bestean, mar net it triospul.
De Jouster Merkekoersen wurde holden op de moandei nei Jouster Merke. De koers wurdt ek wol klokkedraverij neamd, dit omdat it bestjoer foar elke winnende eigener of pikeur (elk jier om bar) in klok beskikbaar stelt. Neist de alve koersen waard yn 2018 ek wer ris in 'ûnder de man' (monte) wedstryd holden.
By de Jouster Merkekoersen fan 27 september 2010 krige de feriening fan boargemaster Kuiper in Keninklike Earepeinje oanbean. Dit barde by gelegenheid fan it 125-jierrich bestean.
Yn de mande mei oare draafbanen hat de Hurddraverij- en Renferiening De Jouwer in kompetysje opset. De totalisator-omset fan dy moandei is altyd boppe de ton en is dêrmei ien fan de heechste omsetten fan Nederlân.
Swipedei
bewurkje seksjeNei de Twadde Wrâldoarloch rekke de koartebaansport yn ferfal en boppedat like de belangstelling foar de gersbanen ôf te rinnen. Mei troch in inisjatyf fan de destiidske siktaris Henk Steeman yn 1971 waard in 'Swipedei' ynsteld. It hichtepunt dêrby wie in koers fan amatrises om in Gouden Swipe. Mei de Swipedei waard in âlde Fryske tradysje yn eare hersteld. Dielnimmers oan de wedstryd binne froulike pikeurs, dy’t op amateurbasis oan draafsport dogge. As priis stelde direkteur fan Douwe Egberts, Hessel Douwes de Jong destiids de Gouden Swipe beskikber. At in dielnimster de swipe trije kear efter elkoar of fiif kear yn totaal wûn, dan mocht se de wikselpriis hâlde. Yn 1985 barde dat. Frou Janna Dragt-Peenstra út Sonnegea fersloech doe de oare pikeurs foar de fyfde kear en mocht se de Gouden Swipe hâlde. Dêrnei waard in nije swipe beskikber steld, mei de betingst dat it altyd in wikselpriis bliuwe soe. Yn 2006 stoppe Douwe Egberts mei de sponsoring en joech de Gouden Swipe yn eigendom fan de organisearjende Jouster Hurddraverij- en Rinferiening. De eardere gemeente Skarsterlân naam de sponsoring oer (sûnt 2014 gemeente De Fryske Marren). Yn it ferline krigen de winnaressen fan de Gouden Swipe de trofee in jier lang mei nei hûs. De Jouster Hurddraverij- en Renferiening hat lykwols oanjûn de swipe op in iepenbier plak oan it publyk toane te wollen. Sûnt jannewaris 2012 stiet de trofee yn it gemeentehûs.
By it 100-jierrich bestean fan de feriening waard in reüny hâlden foar alle winneressen fan de Gouden Swipe.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|