Hylke Jans Kingma

Hylke Jans Kingma (Makkum, 16 oktober 1708 - dêre, 24 septimber 1782) wie skipper, reder, fabrikant en keapman yn Makkum.

Hylke Jans Kingma, 1778

Libben en wurk

bewurkje seksje

Kingma wie in soan fan Jan Martens en Bauckje Goris Kingma. Hy troude mei Ytje Hayes. Kingma wie skipper, reder, skipsbouwer en keapman. As keapman fertsjinne er in kapitaal, dêr't erfan yn Makkum in pakhûs en in oaljemûne bouwe liet, dy't beide de namme "Het Fortuin uit Zee" krigen. Yn Makkum oan it Ferlaat 22 liet er ek in monumintaal hûs sette, dat letter it Kingmahûs neamd waard. It pân soe 260 jier yn de famylje Kingma bliuwe.

Kingma eksperimintearre mei de bou fan kofskippen sûnder swurd. De fanwege him boude kof De Twee Gebroeders waard fêstlein troch de tegelskilder Dirk Jacobs Danser op in tegeltablo foar Kingma syn nije went yn Makkum. Foar syn pakhûs oan de Krommesleat liet hy in gevelstien "'t Fortuin uit Zee" meitsje, mei dêrop ôfbylde it skip de Vrouwe Fortuna en de tsjerke fan Makkum.[1]

Hy naam yn 1771 de namme fan syn mem Kingma oan. Kingma ferfolde ek ferskate maatskiplike funksjes. Hy wie bysitter (meirjochter) fan Wûnseradiel, kommitteare fan de syl (slûs) en oare iepenbiere wurken, earmfâd en âlderling.[2]

 
Mids it kofskip De Twee Gebroeders fan Kingma; hy wurdt sels ôfbylde as keapman dy't yn de sloep stiet, makker fan it ôfbyld is Dirk Jacobs Danser

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De stien sit yn de sydmuorre fan it Kingmahûs yn Makkum.
  2. Erkelens - Glass, A. van Hylke Jans Kingma