Ichtyology
Ichtyology (fan it Grykske ἰχθύς, ichthus, "fisk", en λόγος, logos, "stúdzje" of "kunde") is de tûke fan 'e biology dy't him taleit op it bestudearjen fan fisken, en heart dêrmei ta de soölogy. Ta it stúdzjemêd fan 'e dizze rjochting wurde de kaakleaze fisken (Agnatha) rekkene, en dêropta fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) de kreakbienfisken (Chondrichthyes), pânserfisken (Placodermi), stikelhaaien (Acanthodii) en bienfiskeftigen (Osteichthyes), mar net de fjouwerpoatigen (Tetrapoda).
Hoewol't der al in grut tal soarten fisken ûntdutsen en wittenskiplik beskreaun binne, komme dêr elts jier noch altyd likernôch 250 nije soarten by. Neffens de database FishBase bestiene der yn maart 2012 yn totaal 32.200 erkende soarten fisken. Dêrmei binne der mear soarten fisken as alle soarten sûchdieren, reptilen, fûgels en amfibyen mei-inoar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Additional references, op dizze side.
|