Iebele van der Meulen
Iebele van der Meulen (It Hearrenfean, 1 febrewaris 1969) is in Frysk redakteur fan tydskriften, dy't al tritich jier yn Amsterdam wennet. Sûnt 2012 is er haadredakteur fan ferskate njonkenpublikaasjes fan it frouljusblêd Linda, wêrûnder Linda.wonen en L'Homo.
Iebele van der Meulen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Iebele van der Meulen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 febrewaris 1969 | |
berteplak | It Hearrenfean (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | stilist, tydskriftredakteur | |
aktyf as | haadredakteur fan û.o. L'Homo | |
jierren aktyf | 1991 – no |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeVan der Meulen waard yn 1969 berne op It Hearrenfean, dêr't er nei ôfrin fan 'e legere skoalle middelber ûnderwiis genoat oan 'e Ryksskoallemienskip It Hearrenfean. Mei achttjin jier ferfear er yn 1987 nei Amsterdam, dêr't er in oplieding ta stilist folge oan 'e Moade-akademy Charles Montaigne (no it Amsterdam Fashion Institute).
Karriêre
bewurkje seksjeYn 1991 sette Van der Meulen útein mei in freelance baan as stilist (immen dy't advisearret op it mêd fan styl, yn dit gefal oangeande moadeferskynsels). Yn dy funksje wied er ferbûn oan bedriuwen as Gucci en De Bijenkorf, en teffens oan tydskriften as Man, Elegance en letter Linda. By dat lêste blêd krige Van der Meulen yn 2004 fêst wurk as photodirector. Sûnt 2012 is er haadredakteur fan in stikmannich njonkenpublikaasjes fan Linda, nammentlik: Linda.wonen, Linda.mode, Linda.man en L'Homo.
Priveelibben
bewurkje seksjeIebele van der Meulen is iepentlik homoseksueel. Hy wennet gear mei twa oare manlju yn it sintrum fan Amsterdam. Mei ien fan dy beide, Joop, is er foar de wet troud, en as soks net ferbean wie om't it as bigamy sjoen wurdt, soene hy en Joop ek trouwe mei de trêde partner, Rik. Van der Meulen beskôget beide manlju as syn oarehelten en is hiel iepen oer harren libbensfoarm. Neffens him kriget er dêr gauris fragen oer, om't minsken der nijsgjirrich nei binne, mar eins nea ôfkarrende reäksjes. De (seis) âlden fan 'e mannen hawwe harren kar akseptearre en kinne ûnderling sa goed mei-inoar dat se mei syn allen (en de trije soannen) al ris op fakânsje nei Majorka west hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|