Ienzer Opfeart
De Ienzer Opfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De opfeart rint fan Iens nei de Boalserter Feart yn de rjochting fan Wommels.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd. Opfearten binne foaral oanlein foar it ferfier fan fruchtbere terpgrûn of turf.