Iepen Hôftsjerke (Boerum)
De Iepen Hôftsjerke is de grifformearde tsjerke yn Boerum. De tsjerke is oansletten by de Protestantske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne.
Iepen Hôftsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Kollumerlân | |
plak | Boerum | |
adres | Hearestrjitte 62 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1895 | |
offisjele webside | ||
Protestanske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne |
Ofskieding yn Boerum
bewurkje seksjeDe earste gemeente yn Fryslân dy't him yn 1834 ôfskuorde fan de herfoarme tsjerke wie dy fan Boerum en waard troch Hendrik de Cock persoanlik oprjochte. Doe't ûnder kening Willem I oan it begjin fan de 19e iuw de protestantske tsjerke reorganisearre waard en de oerheid de ynfloed op de Tsjerke ferstevige, liede dat yn Boerum fuort ta opskuor. It noaske de lju al min dat de pleatslike tsjerken neat mear te sizzen hiene, de floreenplichtigen foar master opsloegen en de frijsinnigens ûnder de dûmny's op syn slimst wie, mar nei't de Boerumer gemeente ek noch twongen waard om ynstee fan de wenstige psalmen nije gesangen te sjongen en der drigeminten folgen op de wegering dêrfan, sochten jimmeroan mear minsken harren gerak yn saneamde konventikels, gearkomsten dêr't it otterdokske protestantske lûd wie te hearren.
Yn de tiid doe't Hendrik de Cock yn Ulrum preke, teagen ûnder lieding fan mûnder Reinder Dirks Hamming grutte kloften Boerumers nei Ulrum om nei de dûmny te harkjen dy't de âlde lear nij libben ynblaasde. Sâltkampster fiskers holpen de Boerumers op de tocht nei Ulrum by it oerstekken fan it Ryddjip.
De oprjochting fan de grifformearde tsjerke fan Boerum barde op snein 21 juny 1835. Plak fan oprjochting wie in pleats noardlik fan Warfstermûne, wêr't doe in tsjerketsjinst fierd waard dêr't dûmny De Cock foargyng.[1]
Gebou
bewurkje seksjeDe ôfskieden gemeente boude yn 1845 in tsjerke, mar oft dat gebou op it tsjintwurdige plak stie is net bekend. Op in gemeentekaart fan 1865 komt de tsjerke op it hjoeddeiske plak foar.[2] De tsjerke dy't der no stiet waard yn 1895 nei de doleânsje boud. It is in ienfâldige, grutte sealtsjerke mei oan wjerskanten grutte spitsbôgige ramen. Yn 1983 is it ynterieur fan de tsjerke modernisearre. De banken binne der doe útbrutsen en ferfongen troch stuollen. Oer de flier waarden tegels lein mei dêrunder flierferwaarming.[3]
Oargel
bewurkje seksjeWa't it oargel fan de Iepen Hôftsjerke boude, is net mei wissichheid te sizzen. It waard nei de bou fan de tsjerke om 1900 hinne boppe de preekstoel boud, mooglik troch H. van der Molen út Stienwyk. Oare boarnen neame M. Vermeulen. Letter krige it oargel it plak boppe de yngong. Sjoch foar de disposysje fan it oargel by de keppeling om utens.[4][5] It oargel wurdt noch mar inkeldris brûkt.[6] It ienmanualige oargel mei in oanhongen pedaal hat njoggen registers.
Jubileum
bewurkje seksjeOp snein 27 juny 2010 fierden de grifformearden it 175-jierrich bestean fan de grifformearde gemeente Boerum-Warfstermûne.
Protestantske gemeente Boerum-Muntsjesyl-Warfstermûne
bewurkje seksjeNei in skieding fan hast 180 jier fusearren de grifformearde gemeente Boerum-Warfstermûne en de herfoarme gemeente Boerum-Munstjesyl. De trije tsjerkegebouwen fan de nije protestantske gemeente krigen yn it ramt fan de fúzje de folgjende nije nammen:
- De grifformearde tsjerke fan Boerum: Iepen Hôftsjerke;
- De herfoarme tsjerke fan Boerum: Terptsjerke;
- De herfoarme tsjerke fan Muntsjesyl: Sysltertsjerke.[7]
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|