Open-source software
(Trochferwiisd fan Iepenboarneprogrammatuer)
Open-source software, of yn it Frysk iepenboarne programmatuer, is programmatuer foar de kompjûter mei boarnekoaden dêr't de lisinsjehâlder de lisinsje fan frijjûn hat. Soks om dy programma's te bestudearjen, te feroarjen, oan oaren troch te jaan en rûnom frij ta te passen. Iepenboarne programma's wurde gauris ûntwikkele as in projekt dêr't frijwilligers fan oer de hiele wrâld oan dielnimme kinne.