Iepenloftspul Wergea
It Iepenloftspul Wergea is begûn yn 1989. It spilet eltse twa jierren in stik, meast iepenloft-bewurkings fan bekende boeken of films. By de foarstellings spilet de musyk faak in grut part.
Stikken
bewurkje seksje- 1989 - Buorkjende Bisten, nei it boek Animal Farm fan George Orwell.
- 1991 - Twaspalt, nei it tekenteltsje La zizanie (Asterix en de Intrigant) oer Asterix, fan Uderzo en Goscinny.
- 1993 - Seks, fampiers en fergrutglêzen, in orizjineel stik dat op trije lokaasjes yn Wergea plak fûn.
- 1995 - De Blues Brothers, nei de film The Blues Brothers.
- 1997 - Kearewear, nei it boek Les jeux son fait, fan Jean-Paul Sartre.
- 1999 - Pocahontas, mar dan oars, in kombinaasje fan it ferhaal fan Pocahontas mei de tekenteltsjes oer Hoempa Pa, fan Uderzo en Goscinny.
- 2002 - 19-40-4-7-25-29, nei de film Waking Ned.
- 2005 - Lucky Manuelo nei de Flaamske film Iedereen Beroemd.
- 2009 - Cascada op basis fan wurk fan Lewis Carroll
Keppeling om utens
bewurkje seksje- [1] - Webstee fan it iepenloftspul Wergea